Warm welkom voor Jannewietske de Vries

SNEEK

Jannewietske de Vries kreeg donderdagavond in een stampvolle Martinikerk in Sneek een warm welkom van Commissaris van de Koning Arno Brok die haar in het Fries toesprak en beëdigde als burgemeester van de gemeente Súdwest-Fryslân.

De 57-jarige opvolgster van Hayo Apotheker kreeg de ambtsketen omgehangen door waarnemend-burgemeester Magda Berndsen. Voorzitter Douwe Attema van de vertrouwenscommissie legde nog eens uit waarom Jannewietske de Vries de juiste persoon op de juiste plaats is en raadsoudste Djoke de Jong heette haar op humoristische wijze van harte welkom namens de gemeenteraad.

,,Wat ha jim mei in waarm wolkom jûn. Dat is om stil fan te wurden”, begon de in Raerd wonende Jannewietske de Vries haar maidenspeech als burgemeester van SWF. Ze zei blij te zijn met onder andere de aanmoedigingen die ze onderweg op de fiets mee kreeg om maar te zwijgen over de ontelbare appjes, kaarten, hartelijke woorden, bloemen en schouderklopjes.

,,It fielt hjir as thúskomme yn bestjoerlik Fryslân en dan ek noch yn de moaiste gemeente fan Fryslân. It is in grutte ear om boargemaster te wurden fan de twadde gemeente fan Fryslân.”

Ze vergeleek de gemeente Súdwest-Fryslân met een ‘frommis dy’t op twa stevige skonken stiet, Snits en Boalsert. Sântich persint fan de banen sitte yn dizze twa stêden. It is hiel goed dat dizze beide stêden by de A7 del trochûtwikkelje en dat dêr yn it koalysjeakkoard ynfesteringsromte foar is. Stevige skonken, oars kin je net elegant foarút beweegje om in grut gebied te fersoargjen. Om dy stevige skonken leit in stjerrestelsel fan kearnen. Stêden binne it plattelân nedich en oarsom. Yn dy wisselwurking leit ús kreft.”

De Vries refereerde aan de noodzakelijke verbreding van de sluis bij Kornwerderzand. De regio, zo zei ze, gaf gisteren met een breed gedragen aanbod een signaal af aan Den Haag dat het haar verantwoordelijkheid neemt en mee investeert in versterking van de potentie van de IJsselmeerkust. ,,De slûs en de nije Ofslútdyk kinne wurkje as katalysator foar ûntwikkeling. Want der is fansels noch mear nedich om it kustgebiet fan Arum oant Starum duorsum te ûntwikkeljen. Mei ‘sense of place’; mei gefoel foar lânskip, natuer, keunst en kultuer. Dêr lizze kânsen foar toerisme en ûndernimmerskip. Súdwest-Fryslân hat in moaie skaal en in nochtere, praktyske mentaliteit fan dwaan. Net sasear ‘doch mar gewoan’, want dat binne wy net, mar ‘dóch it gewoan’. Dat helpt om stappen te setten. En dêr leare jo fan. Ik wol der graach oan bydrage om om foar ferbining tusken de belangrike transysjes te soargjen."

We moeten ons best doen, zo zei de nieuwe burgemeester om via onder andere kringlooplandbouw, energie- en sociale transitie de gemeenschap leefbaar te houden. Bestuur en gemeenschap moeten samen de schouders eronder zetten en jong talent moet worden gemobiliseerd met de intentie ze aan de regio te verbinden.

De rol van de burgemeester verschuift volgens De Vries steeds meer van de traditionele mannetjesputter naar een verbinder en ambassadeur. ,,Dat is ek nedich as jo sjogge nei it fersnipperjende polityke lânskip. In boargemaster moat tsjinwurdich linich wêze, beneamd troch de kroan, mei eigen ferantwurdlikheden mar ek beneamd op foardracht fan de ried en dêrmei yndirekt troch de ynwenners. Dat freget in hege gefoelichheid foar ferskillende belangen en in autonome en transparante manier fan operearjen. In fak apart.”

,,Hjir stean ik as jimme nije boargemaster. Mei in amtskeatling dy’t ienfâldich en licht is. De ferantwurdlikens dy’t dêrby heart, is dat net. Ik sil myn bêst dwaan om de ferbinende rol foarm te jaan yn de mienskip en as foarsitter fan de ried en fan it kolleezje. Ik fiel de djipte en de earnst fan it amt. Dêr sil ik op myn eigen positive en ek entûsjaste wize mei omgean. Hjir stiet in boargemaster dy’t kânsen sjocht, dy’t nocht hat oan de takomst, nocht oan it iepenbier bestjoer. In boargemaster dy’t har hert folge hat en dy’t dat ek alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân gunt: in plak dêr’tst yn alle frijheid en feilichheid dyn hert fine kinst. Dêr sil ik alle dagen op ’e nij myn bêst foar dwaan. Myn bêst om de iepen, ambisjeuze en belutsen boargemaster te wêzen dy’t dizze gemeente fertsjinnet. Tank foar jimme betrouwen.

 

Hieronderde complete toespraak van burgemeester Jannewietske de Vries:

 

Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,

Achte Kommissaris fan de Kening,

Achte boargemaster en âld-boargemasters,

Achte leden fan de ried,

Leave famylje en freonen,

 

Bêste minsken,

 

Wat hawwe jimme my in waarm wolkom jûn! Dat is om stil fan te wurden: blommen, kaarten, apps, hertlike wurden, skouderklopkes, oanmoedigingen as ik op ’e fyts troch de gemeente gean...

It fielt as thúskommen yn bestjoerlik Fryslân en dan ek noch yn de moaiste gemeente...

It is in grutte ear om boargemaster te wurden fan de twadde gemeente yn Fryslân en de grutste yn Nederlân, yn oerflakte. In gemeente om grutsk op te wêzen; mei in prachtige balâns fan stêd en plattelân. Seis fan de alve stêden en in skitterjende Iselmarkust. Lânskip, erfskip, mienskip en stedelikheid yn oerfloed. 

 

Ik wol myn foargongers tige tanksizze foar it deeglike fûnemint dat sy ûnder dizze grutte gemeente lein hawwe.

Hayo Apotheker foar de strategyske fyzje op it gebiet fan stêd en plattelân en de ûntwikkelaginda dy’t er neilit.

Magda Berndsen hat ûnder har waarnimmerskip in tal essinsjele stappen set op it mêd fan iepenbiere oarder en feilichheid. Dat is foar in gemeente dy’t optilt fan de eveneminten fan grut belang.

Magda, tige tank foar dyn rêstige en bekwame wize fan waarnimmen.

 

Mar ek de bewenners en organisaasjes; jimme sette jim alle dagen yn om fan dizze gemeente in libbene en sterke mienskip te meitsjen. Dat jildt fansels ek foar riedsleden, wethâlders en meiwurkers fan de gemeentlike organisaasje. Der is en wurdt in soad fan jim frege.

 

Ik sil mei jimme it wurk fierder bringe yn de kommende faze en dêr fansels ek myn eigen aksinten by jaan.

 

De foto op ’e kaart fan de útnûging jout al rjochting. Op it earste gesicht sjogge jimme it prachtige tradisjonele byld fan de Iselmar mei twa froulju yn Hylpers kostúm. Ast better sjochst, is it in foto mei in twist; twa hippe jonge froulju dy’t selsbewust en mei wille in ‘selfie’ meitsje. Tradysje en takomst wurde hjir mei in knypeach ferbûn.

Hylpen is fansels net samar keazen. Dêr wol ik mei ûnderstreekje dat de ynternasjonale oriïntaasje al iuwenlang yn it dna fan dizze gemeente sit. Wat typysk Frysk liket is in miks n ynternasjonale ynfloeden: fan it fertroude en it nije.

De 11Fountains jouwe op in nije wize wer ynhâld oan dy ynternasjonale oriïntaasje. In prachtige ferriking.

 

Súdwest-Fryslân as in gebiet dêr’t it ferline leart fan de takomst en de takomst leart fan it ferline.

 

In gemeente dy’t oer de grinzen sjocht.

 

In gebiet dêr’t ynnovaasjes ús helpe om mienskippen leefber te hâlden, monuminten takomstproof te meitsjen en nije ympulzen te jaan oan toerisme en wettersport.

In gebiet dêr’t wy mei-inoar sykje om nije wizen dy’t ús helpe om it lânskip yn in bettere kondysje oer te dragen oan de kommende generaasjes, om te sykjen nei wat ús bynt: de lânskipspine foarby.

Dêr’t wy desintraal, yn de kearnen en mei de ynwenners, stappen mei betsjutting sette. Yn ’e rjochting fan de grutte opjeften fan ús lân en de wrâld.

Ek in gemeente dêr’t wy nije foarmen sykje om de lokale demokrasy fitaal te hâlden. In grutte opjefte foar in grutte gemeente, dy’t rûnom tichteby wêze wol.

 

Súdwest-Fryslân is in froumins (ja, litte wy it ris in frou neame) dat op twa stevige skonken stiet: Boalsert en Snits. 70% fan de banen sit yn dizze beide stêden. Mei de weryndieling fan Littenseradiel is de balâns yn de gemeente noch sterker wurden. It is hiel goed dat beide stêden by de A7 del trochûntwikkelje en dat dêr yn it koälysje-akkoart ynvestearringsromte foar is.

Twa stevige skonken: oars kinne jo net elegant foarútbewege en in grut gebiet fersoargje. Om dy stevige skonken leit in stjerrestelsel fan kearnen. Stêden binne it plattelân nedich en oarsom. Yn dy wikselwurking leit ús krêft.

 

Súdwest-Fryslân ûnderskiedt har ek mei de Iselmarkust. Ien fan de kearndossiers is ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Juster hat de regio mei in breed droegen oanbod oan it kabinet sjen litten dat wy mei-inoar ús ferantwurdlikheid nimme en mei ynvestearje yn fersterking fan de ekonomyske potinsje fan de Iselmarkust. De slûs en de nije Ofslútdyk kinne wurkje as katalysator foar ûntwikkeling.

 

 

Want der is fansels noch mear nedich om it kustgebiet fan Arum oant Starum duorsum te ûntwikkeljen. Mei ‘sense of place’; mei gefoel foar lânskip, natuer, keunst en kultuer. Dêr lizze kânsen foar toerisme en ûndernimmerskip.

 

Súdwest-Fryslân hat in moaie skaal en in nochtere, praktyske mentaliteit fan dwaan. Net sasear ‘doch mar gewoan’, want dat binne wy net, mar ‘dóch it gewoan’. Dat helpt om stappen te setten. En dêr leare jo fan. Ik wol der graach oan bydrage om foar ferbining tusken de belangrike transysjes te soargjen. Bygelyks besjen hoe’t ‘kringlooplânbou’, enerzjytransysje en net te ferjitten de sosjale transysjes helpe kinne om mienskippen leefber te hâlden. De krêft fan it ferbinend tinken, fan it kollegiaal bestjoeren, fan it mei-inoar doelen heljen. Mei respekt fansels foar elk syn rol. Dêr heart ek by: ûnderskied doare te meitsjen.

Want wat wurket yn de iene kearn, hoecht dat net te dwaan yn de oare.

 

De skaal makket ek dat wy ynwenners, ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid goed opinoar ynspylje litte kinne. Dy gearwurking kin in enoarme ympuls jaan om bedriuwen ynnovearje te litten en jong talint yn te setten foar ús gebiet. Want talint hat Súdwest-Fryslân ek by de rûs.

 

 

 

 Slach de kranten mar iepen, de risping yn de lêste wiken:

  • Nicole Bakker út Boalsert sit op Harvard Boston MIT; wol in bydrage leverje oan de ferduorsuming fan Fryslân
  • Hinke van der Werf út Dearsum; gie it sportive aventoer oan mei in hynsterace yn Mongoalië.
  • En in tal oare ‘youngsters’ dy’t yn ús regio oplaat wurde, bygelyks by ROC Friese Poort, en suksesfol wiene by de lanlike Skills Heroes, in wedstriid foar MBO-studinten. Ik neam Esli Stavenga, studint ICT Media, en Mark Jellema, studint oan de spesjalistyske koksoplieding.

Jonge talinten oan ús regio bine, dat is in grutte opjefte, omdat wy in tekoart krije oan beropsbefolking.

 

 

 

De rol fan de boargemaster ferskoot hieltyd mear fan de tradisjonele ‘mannetjesputter’, de ‘macher’, nei in ferbiner en in ambassadeur. Dat is ek nedich as je sjogge nei it fersnipperjende politike lânskip. De boargemaster moat tsjintwurdich linich wêze; beneamd troch de Kroan mei eigen ferantwurdlikheden, mar ek beneamd op foardracht fan de ried en dêrmei yndirekt troch de ynwenners. Dat freget in hege gefoelichheid foar de ferskillende belangen en in autonome en transparante wize fan operearjen. In fak apart. Ik sil myn bêst dwaan om dy ferbinende rol foarm te jaan; yn de mienskip en as foarsitter fan de ried en it kolleezje.

 

 

 

Súdwest-Fryslân is in grutte gemeente, it is jûn al faker sein. Dat freget ek ferantwurdlikheid nimme en ynbring hawwe yn Fryske, Noard-Nederlânske, nasjonale en Europeeske gearwurkingsferbannen. Ut ús eigen spesifike opjeften wei, mar ek út ’e opjeften wei dy’t it gehiel sterker meitsje. Dat freget profesjonalisearring, ynvestearjen yn netwurken en oer eigen grinzen sjen. Oan dy nije posisjonearring wol ik graach mei jimme wurkje.

 

Seis fan de alve stêden; ik kin se dreame. Snits, Drylts, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert. Mar wat no, wat no as de tocht komt?

Ik bin in rider. Yn 1997 (gjin suertsjetocht; fan Starum ôf yn de wyn op nei Dokkum) haw ik myn krúske helle, op karakter, net op kondysje.

 

 

Ik haw in betiid startnûmer. Sil ik him ride, of bin ik op myn post as boargemaster yn de seis stêden? Beide like unyk..

 

Hjir stean ik as jimme nije boargemaster. Mei in amtskeatling dy’t ienfâldich en licht is. De ferantwurdlikens dy’t dêrby heart, is dat net.

Ik fiel de djipte en de earnst fan it amt. Dêr sil ik op myn eigen positive en ek entûsjaste wize mei omgean. Hjir stiet in boargemaster dy’t kânsen sjocht, dy’t nocht hat oan de takomst, nocht oan it iepenbier bestjoer. In boargemaster dy’t har hert folge hat en dy’t dat ek alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân gunt: in plak dêr’tst yn alle frijheid en feilichheid dyn hert fine kinst.

Dêr sil ik alle dagen op ’e nij myn bêst foar dwaan.

Myn bêst om de iepen, ambisjeuze en belutsen boargemaster te wêzen dy’t dizze gemeente fertsjinnet. 

 

Tank foar jimme betrouwen.

 

 


Auteur

Sjoerd Stiensma (Eind)redacteur Sneeker Nieuwsblad