Jelle Wiersma Frysk damkampioen

Scharnegoutum

Jelle Wiersma, dammer fan de Stadige Strikers út Skearnegoutum en wenjend yn Wommels, is Frysk damkampioen.

Der wiene twa barraazjepartijen foar nedich, mar it damjen Frysk spul hat no dochs syn kampioen foar de jiergong 2017. It wie de Wommelser Jelle Wiersma dy't him úteinliks it sterkste betoande. Tsjinstanner Taeke Kooistra moast moandeitejûn yn Skearnegoutum yn 'e twadde beslissingspartijpartij wol risiko's nimme, mar hy seach dêrby yn it lette middenspul in fatale damkombinaasje oer de holle. De Hartwerter koe dus gjin 19de kampioenskip oan syn ymposante rige tafoegje. Foar Wiersma is it de fyfde kear dat him de heechste eare takomt.

Auteur

redactie