Jelle Wiersma nimt foarsprong yn dambarraazje

Lemmer

  Yn 'e earste fan 'e beslissingspartijen om it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul hat Jelle Wiersma (Wommels) in foarsprong naam.

Regearjend kampioen Taeke Kooistra spile ôfrûne moandeitejûn yn Hartwert in thúswedstriid, mar hie dêr gjin foardiel fan. Yn in dreech einspul roale er te faak efterút, en dat makke dat er oan 'e ein te fier fan 'e damline ôf kaam te stean. De twadde barraazjepartij wurdt komende moandei ferspile yn Skearnegoutum. Wiersma hat dan oan in kampspul genôch om it kampioenskip op syn namme te skriuwen.

Auteur

redactie