Damfavoriten rinne averij op

Gaastmeer

Neffens tradysje moatte yn 'e earste beide omlopen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul de sterke mannen it opnimme tsjin de wat swakkere bruorren. Dêrby rûnen ôfrûne sneon op 'e Gaastmar trije fan 'e fjouwer favoriten foar de titel fuortdaliks al skea op. Inkeld Jelle Wiersma helle tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) en Folkert Groenveld (Jutryp) de folle winst, sadat de Wommelser no allinne de kop naam hat.

De grutste ferrassing wie wol dat achttjinfâldich kampioen Taeke Kooistra út Hartwert tsjin sawol Tjerk Wijbinga (Arum) as Henk Haanstra (Aldegea-SWF) net fierder kaam as in kampspul. De Frjentsjerter Foeke Tiemensma levere ek fuortdaliks al in fol punt yn troch ferlies tsjin Groenveld. En ek Marten Walinga (Waaksens) rekke in heal punt kwyt tsjin Wijbinga. Te sjen oan it grutte tal remizepartijen lykje de dammers yn 'e twadde acht oan elkoar weage. Ynearsten steane Sjoerd Jan Bakker (Snits), Cor Kooistra (Nijlân) en Hein de Vries (Ljouwert) hjir boppeoan mei elkmis oardel punt. De tredde acht liet in daverjende ferrassing sjen. Degradaasjekandidaat Siebren Dyk út Jorwert wûn as iennichste tsjin Willem Schaap (Dearsum) en good old Sjoerd Couperus (Snits) syn beide partijen. Dêrmei hat er in fol punt foarsprong nam op 'e rest fan it fjild. Utslaggen en stannen: Kampioensklasse earste omloop: Tjerk Wijbinga (Arum) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1-0. Twadde omloop: Kooistra - Haanstra 0,5-0,5; M. Walinga - Wijbinga 0,5-0,5; Wiersma - Groenveld 1-0; Tiemensma - S. Walinga 1-0. Stân: Wiersma 2; M. Walinga 1,5; Groenveld, Kooistra, Tiemensma en Wijbinga 1; Haanstra 0,5; S. Walinga 0.   Twadde acht earste omloop: Pieter Hoogterp (Gaastmar) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1. Twadde omloop: Dijkstra - Wiersma 0-1; Kooistra - Tijssen 0,5-0,5; De Vries - Hoekstra 0,5-0,5; Bakker - Hoogterp 0,5-0,5. Stân: Bakker, Kooistra en De Vries 1,5; Dijkstra en Wiersma 1; Hoekstra, Hoogterp en Tijssen 0,5.   Tredde acht earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Willem Schaap (Dearsum) 1-0; Liuwe Westra (Lollum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; Ype Boelens (Menaam) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Rindert Walinga (Waaksens) 0-1. Twadde omloop: Schaap - Westra 1-0; Couperus - Dyk 0-1; Wiersma - Van der Meer 0-1; Walinga - Boelens 0-1. Stân: Dyk 2; Boelens, Couperus, Van der Meer, Schaap, Walinga en Wiersma 1; Westra 0.  

Auteur

redactie