Foto’s: kleurwedstriid Monumentenwykein Blauhús

BLAUWHUIS

Mei it Nasjonale Monuminten wykein 2018 hat de Lokaasjeried fan de Sint Vitustsjerke kleurplaten útdield.

De Blauhúster jeugd hat hurd wurke, der is in grutte bulte fraaie kleurplaten ynlevere.

De sjuery hat út de grutte bulte ynlevere kleurplaten twa winners keazen. Bestjoerslid Berber Witteveen hat de prizen woansdei 7 novimber útrikt.

De 1e priis, in pot mei stiften, wie foar Annemar Westra (7), de twadde priis, kleurpotleaden mei puntsliper, foar Amarins Wybenga (5), en ta beslút in earfolle fermelding foar Ties Galama (2).