Jongereintoaniel Easterein spilet Ronja de Rôversdochter

EASTEREIN - Op 29 en 30 maart 2019 binne de úfieringsjûnen fan de jongereinôfdieling fan Toanielselskip Fuort Mar Los. Mei 18 jongereinspilers, twa begelieders en it bestjoer, binne sy sûnt oktober oan it repetearjen foar it stik ‘Ronja de Rôversdochter’.

De bewurking dy’t sy sjen litte sille bliuwt ticht by it oarspronklike klassike ferhaal oer Ronja, dochter fan in rôverhaadman. It ferhaal spilet in pear hûndert jier lyn doe’t der noch mysterieuze wêzens yn de bosken wennen en der oeral gefaar op de loer lei. It giet oer libjen en dea gean, wille en fertriet, goed en kwea, leafde en striid. Oer hoe’t jonge minsken leare moatte fan âlde minsken en hoe’t âlde minsken leare kinne fan jonge minsken.

De spilers sille it publyk meinimme nei in lang ferline tiid doe’t it libben rûch wie en fol gefaar mar mei tema’s dy’t hjoed de dei noch altyd werkenber binne. De spilers sille foar de taskôgers sjonge en dûnsje yn in grut dekor en nije dingen útprobearje dy’t sy sels ek tige spannend fine.

It is in stik fan Astrid Lindgren en de rezjy en bewurking is yn hannen fan Theresia Zeinstra mei help fan Ilke van Wermeskerken.

De útfieringen binne op freed 29 maart om 19:30 oere en sneon 30 maart om 19:30 oere yn de seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein.