Hindrik van der Meer nimt ôfskie fan Warkum

WARKUM - Sûnt 1965 is Hindrik al dwaande mei de fryske taal en nije fryske lieten. Wa kin net de bernelietsjes: ‘Hup sûpen groattenbrij’ en ‘De bistenboel fan omke Roel’ Hindrik makke de fleuriche musyk. Letter sette hij 15 jier lang ek literaire busreizen op priemmen, tegearre mei syn frou Beitske.

Dan wie d’r fansels ek nog Hindrik syn inisjatyf mei de Sing-in op 2e Krystdei yn Warkum yn de 90-er jierren. Sâwn jier lang diene d’r kloften sjongers oan mei. Soe der, sa tocht Van der Meer (1938), yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktaliche teksten en dy bekind te meitsjen? Hindrik die in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Yn 2006 is it koar oprjochte mei it doel om de gemeenten oan it sjongen te krijen, en dat sil tige te merken wêze.

Hindrik sette fierders ek nog útein mei de musicals ‘Joazef masterdreamer’, ‘Jona’ en ‘Ruth’; mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Mei syn studinten fan de PABO yn Snits, hat Hindrik de earste musicals mei in protte sukses, op ‘e planken brocht. Letter kamen ek nije lietenbondels lykas ‘De keunst fan it libben’, ‘Minsken fan’e dei’ en ‘Fakkeldragers yn ‘e wyn’.

Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie en it bestjoer stelde him foar noch in soarte fan ôfskiedstoernee te meitsjen nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren besite hân ha fan Hindrik en syn Kwartettekoar. De ôfskietsjinst(en) is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten, mar de preek sit yn de lieten.

Yn Warkum sjongt it Kwartettekoar sneintemoarn út de nije lietenbondel Hertslach. “Yn Hertslach sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”, sa skriuwt Eppie Dam. Hij is ien fan de Fryske dichters dy meiwurke hat oan de bondel.

Mei in fèst tema komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurde ek lieten songen fan Gerben van der Veen en Jan de Jong. De bernelieten wurde songen troch in bernekoar û.l.f. Sieuwke Rijpma.

,,As d’r in methode socht wurd om literatuer, musyk, keunst en kultuer bij de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik.” Sa beskriuwt Gerben Gerbrandy as âld foarsitter fan it Auke Roukes kroechkoar, Hindrik syn rol bij dit koar.

,,Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik. Hindrik nimt ôfskie fan Warkum op 10 maart yn de moarnstsjinst om 9.30 oere yn de Gertrudistsjerke.