COLUMN | Lift

Wat is de oerienkomst tusken elektryske auto’s, it toerisme yn Fryslân, froulu’s fuotbal, fastfood, de Fryske taal, hiphop, skotske whisky, tennis, biologysk buorkje en de Toyota Supra? Antwurd, de oerienkomst is dat se yn e lift sitte; it giet der goed mei.

Yn Heech stiet in opfallende liftpeal oan de râne fan it doarp. As jo dêr by stean geane, is de kâns grut dat jo troch in langsridende doarpsgenoat spontaan oppikt wurde foar in lift nei Snits. Dat reiske hat al hiel wat nije kontakten en moaie ferhalen opsmiten.

Mei de ynformaasjejûn fan Platform Bolsward, koene ynwenners meidwaan oan ‘de minuut fan’. Se fertelden mei passy wat better moat. Ik moast daliks oan it begryp ‘Elevator Pitch’ tinke. Hjirby is de útdaging om yn koarte tiid – sa lang jo yn in elevator (lift) sitte op wei nei hegere etaazjes – dúdlik te meitsjen wat jo winsk is. Mei as resultaat in koart en krêftich ferhaal.

Ferline wike stapten we tagelyk mei twa entûsjaste dames yn de lift fan Bloemkamp. De froulju hienen in blêd fol wavels by harren. ‘Wolle jimme ek, we hawwe se sels bakt, it is hjoed traktaasjedei’. De skaaltsjes moasten wol wer daliks ynlevere wurde. Sa wie it in ûnferwacht spontane smakelike reis fan hal nei de heechste ferdjipping. De soarch sit ek yn e lift!

Mar wat as jo de lift nei ûnderen nimme, hoe komt it dan mei de soarch? We hawwe de trep mar nommen.

Sicco Rypma.