Debuut foar de band Rockoli by Muzyk- en Spektakeljûn yn Blauhús

BLAUHUS - De Gerben Rypma Stifting organisearret sneon 23 febrewaris yn kafee De Freonskip yn Blauhús in jûn mei in protte muzyk en spektakel.

Der binne optredens fan lokaal bekende muzikanten sa as Jan, Yldau en Marije Hoekstra en Bokke en Johannes Rypma. En in Akrobatyske Show troch Wietske van der Tol mei Showciety Acrobatics. De jûn begjint om 9 oere mei in koarte presintaasje fan Doch dyn Dream, it goede doel wêr de opbringst fan de jûn hinne giet.

Johannes Rypma, sanger en gitarist fan fan powertrio The Bounty Hunters iepenet de jûn mei inkele lieten.

Dan wurdt it poadium frij makke foar Wietske van der Tol en har maat foar in Akrobatyske Show.

Folge troch de band J.A.N. foarme troch Jan, Marije, Yldau Hoekstra en Paul van Dijk. Sy bringe eigen persoanlike nûmers sa as: ‘Holle mei ferhalen’ en ‘Dat dit mei’.

De Hoekstra’s spilen ûnder oare yn 2012 mei de band Yldau by Liet Ynternasjonaal, it songfestival foar minderhydstalen yn Gijón in Spanje, nei it winnen fan Liet yn Fryslân.

De fuotten geane fan ‘e flier mei Rockoli; in hagelnije band foarme troch Bokke Rypma - gitaar, sang | Jan Hoekstra - basgitaar, sang | Douwe vd Werff - gitaar, oargel, sang | Wopke van der Molen - drums, sang. Rockoli spilet klassike en hjoeddeiske Rock. Fan Fleetwood Mac oant The Beatles en fan Steve Miller Band oant Will and the People.

Jan Hoekstra: ,,Dit is ús earste optreden, en ek noch yn ús bertedoarp, we hawwe der sin yn”.

De opbringst fan dizze jûn is foar de Stichting Doch Dyn Dream, sy helpe bern yn Kenia oan better ûnderwiis en in dak boppe de holle.

Sneon 23 febrewaris | kafee de Freonskip Blauhús | 21.00 oere | yntree €.10,00