Bolletongersdei-publyk ûndertekenet massaal foar selsstannige Omrop Fryslân

Bolsward -  Mar leafst rom 400 minsken hawwe op Bolletongersdei yn Boalsert harren hantekening setten foar in selsstannich Omrop Fryslân.

De súksesfolle aksje wie organisearre troch it bestjoer fan FNP-Súdwest-Fryslân. Bestjoerslid Tineke Algra: “minsken stienen hjir yn e rij om te tekenjen, gelokkich wie de copyshop tichby, we moasten hyltiid bydrukke”. De protestbrief is rjochten oan steatssiktaris Sander Dekker fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Sitaat: “Jo binne ferantwurdlik foar in goede takomst fan de Kultuer yn hiel Nederlân. In selsstannige  Frysktalige Omrop Fryslân mei in folweardich media-oanbod is hjirfoar ûnmisber.  Omrop Fryslân moat bliuwe en dêr moatte jo foar soargje, omdat dát jo wurk is. It pakket brieven is ûndertusken ûnderweis nei Den Haach.