Gerrit Breteler te gast by Wilhelmina

Easterein -  Fanfare Wilhelmina fan Easterein mei dirigint Pieter Bosma jout snein 22 maart om 16.00 oere in in maitiidskonsert yn de Martinitsjerke fan Easterein.

Oan it konsert wurkje Gerrit Breteler en pianiste Clara Rullman mei. Breteler fielde him op jonge leeftiid al oanlutsen ta de byldzjende keunst. Syn skeppingsdrang komt ta utering yn skilderjen, muzyk, gedichten en it skriuwen fan toanielstikken. It Fryske plattelân is foar him in grutte ynspiraasjeboarne. Syn lieten ha meast in wat weemoedige ynslach, mei teksten dy’t der ta dogge. It meast bekende liet is miskien wol: Lit úsdêromdrinke….fan syn earste CD.  Fan syntwadde CD sil dizze middei it liet Katarsis klinke mei begelieding fan Wilhelmina. Wilhelmina spilet fierders û.o. it stik Highland Village Dances fan Rob Goorhuis. Dit stik moatekspilewurde op it ONFK yn Drachten op 18 april.