Surch wol in wynmole-frij lânskip

Zurich -  De aksjegroepen tsjin wynmolens yn Súdwest-Fryslân wachtsje yn spanning ôf wat minister Kamp, nei ferwachting daliks nei de ferkiezings, beslút. Wêr wol hy de net winske molens delsette?

  Tagelyk binne en bliuwe de aksjefierders tige striidfeardich. Sa wie der sneon wer in byienkomst fan de aktive kearngroep tsjin wynmolens rûnom ‘Hiddem Houw’ by Surch. De fergadering wie ‘op lokaasje’, oan tafel by de famylje Van den Berg oan de Gooyemerleane, mei sicht op 40 molens. FNP riedslid Sicco Rypma wie te gast.   It grutste beswier is it ferpesten fan it lânskip troch de hichte fan de molens dy’t 5 kear heger dan de tsjerketoer fan it doarp wurde of 20 kear heger dan de pleats wêr der njonken stiet. “De aard en skaal fan it wiidse plattelân wurdt foar altyd ferkwanselle”.   Der is faak oanlieding om byinoar te kommen. Sa stiet no de Visie Waddenpark Afsluitdijk op de agenda fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De aksjefierders putte hoop út dit plan “der komt gjin wynmole yn foar”.   De Ofslútdyk wurdt omskrean as ‘Landmark met zicht op IJsselmeer, Wereld Unesco Waddenzee, terpengebied en het Nationaal Landschap Zuidwest Fryslân. Uniek in de wereld’. Dizze Ofslútdyk moat ‘enerzjy neutraal’ wurde mei Sinne- en Blue Energie meldt it rapport.   Mar der bliuwe ek soargen. De huzeprizen sakje sterk troch de moleplannen en it is noch altyd net dúdlik oft de gemeente SWF de saneamde ‘sterhuisconstructie’ foar it molenpark by Hiddem Houw serieus nimt. Frjemd, want der is yn 2003 al troch de gemeente Wûnseradiel besluten en yn 2005 troch de Provinsje Fryslân befêstige dat dit park ‘een uitstervend cluster is’.   Njonken problemen en soargen kamen der sneon ek oplossingen oer tafel. Sinnediken, sinnedakken en sinnegreiden binne populêr en yn Hearrefean is in plan mei grutskalige geothermie, in foarm fan ierdwaarmte. It ideaal is enerzjy-neutraal wenje en wurkje sûnder fossile brânstoffen.   De aksjefierders roppe de oerheid en wenningbou-korporaasje op folle mear yn te setten op it besparjen fan enerzjy en foarljochting. De groep is noch lang net útpraten en sil de kommende tiid noch faak striidfeardich om de keuketafel sitte en winsket “minder bemoeienis fan Den Haach en in wynmole frij Frysk lânskip”.