Taeke Kooistra los fan dampeloton

Sneek - Taeke Kooistra is útnaaid. By de tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip, tiisdeitejûn ferspile op 'e boppeseal fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert, fersloech de Hartwerter de sterke Folkert Groenveld fan Jutryp. Kooistra kaam oars op in stuit wol in hout foar, mar dêrmei siet de partij noch net yn 'e knip. Groenveld tsjoende der noch in daam út dêr't de regearjend kampioen gjin rekken mei holden hie. Hy hie lykwols safolle materiaal oer dat de oerwinning úteinliks wol sines waard.

Kooistra syn jûn waard namste moaier omdat meikoprinder Marten Walinga in hout yn 't efter kaam tsjin Jelle Wiersma, en dat bliek úteinliks fataal. Dêrmei melde Wiersma him by it efterfolgjende ploechje, dêr't no ek Foeke Tiemensma diel fan útmakket. De Frjentsjerter fersloech Sjoerd Jan Bakker (Snits) yn sa'n woeste partij dat sels de taskôgers der pineholle fan krigen. Underyn pakte Henk Haanstra (Aldegea SWF) syn earste punt. Dat gong ten koste fan Pieter Hoogterp. De Gaastmarder debutant bleau dêrmei op nul wedstriidpunten stykjen. Yn 'e twadde acht liet koprinder Sjoerd Couperus it earste stekje falle. Tsjin de Arumer Tsjerk Wijbinga koe it alle kanten út, mar it waard úteinliks kamp. Willem Schaap fan Dearsum liket dit jier yn 'e tredde acht net te bedamjen. No reage er de Blauhúster Jappie de Jong fan it boerd. De koartste partij fan 'e jûn kaam oars op namme fan Fedde Wiersma. Yn 'e twadde acht hied er de earme Aldegeaster Willem Hoekstra al nei 16 setten knok-out. Utslaggen en tuskenstannen fan 'e tredde omloop: Kampioensklasse: Taeke Kooistra (Hartwert) - Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0, Jelle Wiersma (Wommels) - Marten Walinga (Waaksens) 1-0, Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0, Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 1-0. Stân: Kooistra 3, Tiemensma, Walinga en Wiersma 2; Bakker, Groenveld en Haanstra 1; Hoogterp 0. Twadde acht: Augustinus van der Goot (Snits) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Tjerk Wijbinga (Arum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5, Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Fedde Wiersma (Easterein) 0-1. Stân: Couperus 2,5; Kooistra, Wiersma en Wijbinga 2; Walinga 1,5; Van der Goot en De Vries 1; Hoekstra 0. Tredde acht: Klaas Wiersma (Nijbeets) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Kees Tijssen (Reduzum) - Harmen Westra (Lollum) 0-1, Bauke Dijkstra (De Tynje) - Rindert Walinga (Waaksens) 1-0, Jappie de Jong (Blauhús) - Willem Schaap (Dearsum) 0-1. Stân: Schaap 3; Dijkstra en Wiersma 2; Tijssen 1,5; Walinga, H. Westra en L. Westra 1; De Jong 0,5. It kampioenskip wurdt kommende sneon mei de fjirde en fyfde omloop fuortset yn "It Terphûs" te Hartwert.