FNP SWF: 'Grutte ûnrêst by Doarphuzen, MFS’s en wyksintra Súdwest-Fryslân'

SNITS - Bestjoeren en frijwilligers fan Multifunksjonele Sintra, Doarpshuzen yn Súdwest-Fryslân meitsje harren grutte soargen oer harren eksploitaasje en besteansrjocht. Reden is dat it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders by it ynfieren fan de nije wet ‘parakommersjele hoareka’ gjin rekken hâldt mei de unike lokale situatie yn eigen gemeente.

It plan is om de iepeningstiden te beperken en it tal feestjûntsjes sterk werom te bringen, wylst dat earder rom wêze moat om de holle boppe wetter te hâlden. Omdat der in protte ûnbehagen is en de gemeenteried der yn jannewaris oer beslute moat, hat FNP Súdwest-Fryslân dizze wike in saneamde Harksitting organisearre yn It Joo fan Aldegea. Hjir koenen alle takomstich dupearren sels útlizze wêr de knipepunten sitte. De byienkomst is massaal besocht, hast alle doarpshuzen en wyksintra út SWF wienen fertsjinwurdige. Ek riedsleden fan Gemeentebelangen, PvdA, Grien Links en de VVD lústerden mei. Der wie mei namme grutte krityk op it kolleezje oangeande it net leverjen fan Maatwurk. In doarpshús of wyksintrum ís maatwurk, de ynrjochting ferskilt per plak. It leit der mar oan watfoar ferieningen, ferlet der is en welke akkommodaasjes der noch beskikber binne yn it doarp. De dupearre bestjoeren melde ûnder oare: ‘Se geane folslein foarby oan de realiteit fan ús plattelânsgemeente’ en ‘As frijwilligers ferwachtsje wij stipe fan de gemeente. It soe moai wêze as dizze grutte gemeente de krêft hie om better yn te spyljen op de spesjefike sitewaasje fan doarpshuzen op it plattelân’. De bestjoeren en frijwilligers bale dat sy no op de barrikaden moatte omdat de gemeente syn húswurk net goed dien hat. De wet lit ommers alle romte oan de gemeente om de rigels lokaal oan te passen. FNP riedslid Jan Koster: ,,Foar in gemeente mei 74 doarpen en stêden en in goed, neffens it kolleezje robuust, kearnebelied soe it in útdaging wêze moatte om hjir gebrûk fan te meitsjen, mar it liket der op dat se it folslein sitte litte”. Foar de kategory doarpshuzen yn plakken wêr gjin hoareka is, krekt as bygelyks Tsjerkwert, Eksmoarre, Wolsum en Koarnwert binne de nije rigels hielendal soer. Mei de tsientallen frijwilligers, wikeliks hûnderten besikers, koaren, korpsen, soos, sport, kaarte, jubileum fiere, doarpsfeeste is it ien grut sosjaal barren. In libben doarpshús draacht by oan de leefberens en oantrekkingskrêft fan in doarp ek foar jonge gesinnen. Yn de takomst sille mear soarch aktiviteiten ticht by de minsken plakfine, der binne al ynisjativen fan bygelyks Tellens dy't dat oanbiede. Sa wurdt it ferlet fan de doarpshuzen allinnich mar grutter. Koster: ,,Hoareka en doarphuzen moatte net tsjinoer elkoar komme te stean. B&W moatte der foar soargje dat de iepeningstiden opinoar oanslute en der per plak funksjoneel ‘op maat’ ôfspraken makke wurde”.