Dûmny en diaken mei de pong op paad foar Serious Request!

BURCHWERT -  De protestantse gemeente fan de doarpen Burchwert, Hartwert en Hichtum set him yn foar Serious Request.

Takom snein 22 desimber sil der yn de tsjinst yn ‘e tsjerke fan Burchwert kollektearre wurde foar it Reade Krús. De opbringst fan de kollekte komt fansels yn de pong en dit wurdt de oare deis, moandei 23 desimber, troch de dûmny en in diaken nei it glêzen hûs op it Saailân brocht. Underweis nei it glêzen hûs gean de dûmny, yn toga, en diaken noch ris mei de pong op paad om noch mear jild yn te sammeljen! De gemeente fan Burchwert-Hartwert-Hichtum hopet in moai bedrag op te heljen en sa grut te wêzen yn har dieden, sa lyts as se binne." De tsjinst sil plakfine op 22 desimber om 11 oere yn de tsjerke fan Burchwert. Moandei rûn 3 oere middeis sille dûmny (Liuwe Westra) en ik it jild nei it glêzen hûs bringe.