Nije bondel fan Jildou Elgersma

WOMMELS - Fan Jildou Elgersma fan Wommels is in nije bondel ferskynd oer de syktocht nei lykwicht yn it libben.

Oer it boek: As in koarddûnser rin ik op de line fan it libben sykje lykwicht tusken freugde en fertriet tusken it famke en de frou. As in koarddûnser sykje ik lykwicht yn it libben. Yn dizze bondel fynt Jildou Elgersma wurden foar har syktocht nei it lykwicht. Fol striid, gauris sûnder ûntwyk, mar wol altyd burgen yn de leafde fan har Himelske Heit. Nei har earste boek Finzen tusken libben en dea is de dichteresse gâns groeid yn har dichterskip. Fersen om stil fan te wurden. Jildou Elgersma is berne yn 1974 te Easterein, gemeente Littenseradiel. Yn 2003 hat hja in kursus autobiografysk skriuwen folge ûnder lieding fan Akky fan der Veer. Dizze kursus wie foar har in oanset om fierder te gean mei it ferwurdzjen fan persoanlike gefoelens. De earste stap nei it publyk hat hja setten doe’t hja skewielster waard by it Gysbert Japicxhûs te Boalsert. De ôfrûne jierren hat hja dan ek ferskate gedichten publisearre op de Fryske Spreukekalinder. Fakentiden skriuwt hja oer harsels mar ek de natoer is in ynspiraasjebron. Yn 2010 ferskynde har debútbondel, Finzen tusken libben en dea. It giet oer har wrakseljen mei it libben nei oanlieding fan in groanysk depressive stimmingstoarnis. Troch it útbringen fan dizze bondel hopet hja it ûnderwurp depresje mear besprekber te meitsjen.