Damklup Boalsert/Warkum 2 Herbstmeister

BOALSERT -  It twadde team fan damklup Boalsert Warkum Kombinaasje hat tiisdei in 8-0 oerwinning helle tsjin it twadde fan de Snitser Dam Klup. BWK2 giet dêrtroch as nûmer ien fan de provinsjale tredde klasse B it nije jier yn.

Dêr stie wol tsjinoer dat it twadde team yn de bekerkompetysje mei 7-1 útskeakele waard troch it twadde team fan Hearrenfean/Mildaam. It earste team ferlear freed krekt mei 5-7 fan Dam Kombinaasje Fryslân út Wanswert. It earste sil it yn de twadde seizoenshelte wat better dwaan moatte as se yn de provinsjale Eareklasse bliuwe wolle, se steane no op it ien nei ûnderste plak. Yn de eigen kompetysje wiene der yn de lêste omloop fan 2013 noch moaie útslaggen foar Piet Bouwhuijsen en Fedde Piet Huitema. Sy pakten beide in knap punt tsjin respektivelik Sjoerd Postma en Sjoerd Huitema. Piet de Boer pakte mei in oerwinning tsjin Auke Koopmans it tredde plak noch steviger yn hannen. In prestaasje dy't syn fans yn de Klameare tige oanspruts. SDK - BWK: G. Harkema - D. Mulder 0-2, R. Harkema - D. Ruiter 0-2, B. Baarda - P. de Boer 0-2, J. Faber - K. Herder 0-2. Bekerkompetysje BWK - Hearenfean/Mildaam: D. Ruiter - W. van der Molen 1-1, D. Mulder - A. Plantinga 0-2, P. de Boer - H. Hosper 0-2, K. Herder - T. Smedinga 0-2. BWK - DKF: L. Huitema - B. Oegema 0-2, J.M. Drent - A. Wiegersma 2-0, D. de Vries - T. Kooistra 0-2, S. Huitema - S. Terpstra 2-0, F.P. Huitema - H. Zondervan 0-2, D. Ruiter - T. Oegema 1-1. Eigen kompetysje: F.P. Huitema - S. Huitema 1-1, P. Bouwhuijsen - S. Postma 1-1, A. Koopmans - P. de Boer 0-2.