Van der Goot wint damdei Hartwert

Hartwerd - Augustinus van der Goot fan Snits wun sneon 3 jannewaris de nijjiersdamdei Frysk dammen yn Hartwert.  Der wiene 24 dammers.

  Yn  groep 1 fan de eareklasse sieten ûnder oaren Teake Kooistra (16 kear kampioen fan Fryslân) en Augustinus v.d.Goot (12 kear kampioen). Beide mannen hiene de beide earste partijen wûn, en moasten yn de tredde partij damje om de earste priis. Teake kaam mar wat frjemd op it boerd te stean en der wist Stinus wol rie mei: hy kaam in houtsje foar en wûn de partij. Groep trije wie miskien wol de sterkste groep mei trije gadingmakkers foar it kommende persoanlike kampioenskip. De fjirde man yn dizze groep, Hein de Vries, waard ‘gewogen en te licht bevonden’, mar yn dizze groep waard fûleindich striden, ek yn de lêste partij tusken Foeke Tiemensma en Folkert Groenveld. Yn it lêst fan de partij koe hy in daam fan Foeke wer fange en waard de partij remise. De twadde priis yn dizze groep wie foar Jelle Wiersma út Wommels dy’t allinne tsjin Foeke belies jaan moast. Yn  de haadklasse A wie de winst foar Gerrit Schilstra fan Boalsert, dy’t spilet by de damklup yn Aldegea. Yn de 1e klasse damden fjouwer dammers fan de damklup Hartwert. De prizen yn dizze groep geane nei Sjouke de Boer en Klaas Abma. Op de klup sil útmakke wurde wa mei de 1e priis nei hûs giet. Yn de 2e klasse wie de winst foar Jesse Boschma, de nije ynwenner fan   Boalsert: 3 kear winst!   De priiswinners op dizze damwedstriid wiene:   Ereklasse, groep 1: 1.         Augustinus v.d Goot, Snits                  3 2.         Teake Kooistra, Hartwert                  2   Ereklasse, groep 2: 1.         Cor Kooistra, Nylân                            2,5 2.         Sjoerd Couperus, Snits                       2   Ereklasse, groep 3: 1.         Foeke Tiemensma, Frentsjer             2,5 2.         Jelle Wiersma, Wommels                 2   Haadklasse A: 1.         Gerrit Schilstra, Boalsert                   3 2.         Sjouke Schilstra, Lollum                     1 (nei beslissingspartijen)   1e klasse: 1./2.    Sjouke de Boer, Eksmoarre en Klaas Abma, Hartwert, beide                        2   2e klasse:
  1. Jesse Boschma, Boalsert                    3
  2. Herman Terwisscha van Scheltinga, Nijlân  1 (nei lotting)