Damclub Hartwert |De lêste útslaggen fan 2014

Hartwert - Yn It Terphûs binne moandei 29 desimber de lêste dampartijen fan 2014 ferspile. Der wie dizze jûn wer in goeie opkomst. In pear opfallende saken dizze jûn.

Sjouke de Boer út Eksmoarre spile in lange en moaie partij tsjin Hein de Vries. Om yn keatstermen te sprekken: it waard in partij mei alles oan de tillegraaf. Mar op it lêst hie Sjouke net allinne Hein as tsjinstanner, mar ek de klok! Sjouke moast te hurd en hie amper tiid mear om nei te tinken, mei as gefolch dat er net altiid de bêste set die. In kampspul hie mear op syn plak west. Fierders wist Klaas Abma foar de tredde kear dit damjier fan Fedde Wiersma te winnen. It is no al hastseker dat de lêste degradearje sil út de haadklasse A. Fierders spilen de koprinners út de earste en de twadde klasse tsjin elkoar. Dit waard in moaie oerwinning foar de twaddeklasser Douwe Namminga út Winsum. Hy stiet no fier foar de oare twadde en treddeklassers.

Útslaggen 29 desimber:

Herman Terwisscha van Scheltinga – DouweNamminga 0 – 1 Siebe Elzinga – Piet Sikma 0 – 1 Lieuwe Eringa – Jesse Boschma 0 – 1 Klaas Wiersma – Ids Boersma 0 – 1 Sjouke de Boer – Hein de Vries 0 – 1 Auke Boschma – Jan Bouma 0 – 1 Tjerk Wijbenga – Teake Kooistra 0 – 1 Klaas Abma – FeddeWiersma 1 – 0 Ygram Wijbenga – Thom Vellinga 1 – 0