Sponserjûn SDS mei Erwin Zeinstra

Easterein - Erwin Zeinstra is freed 13 maart om 19.45 oere sprekker op de sponserjûn fan SDS yn de kantine op sportpark Skoalleseize.

Zeinstra is assistent-skiedsrjochter en eltse wike te bewûnderjen yn de Eredivisie en geregeld yn de Champions- of Europa League. Hy is assistint fan ferneamd skiedsrjochter Björn Kuipers. It ôfrûne jier stienen sy ûnder oare op it WK yn Brazilië en mochten sy de Champions League-finale tusken  Real Madxrid en Atletico Madrid yn Lissabon yn goeie banen leide. In pear wike lyn draafde hy noch lâns de line by de derby SC Cambuur – SC Heerenveen. De sponserjûn fan SDS is dit jier net allinnich foar stipers fan SDS, mar ek foar leden fan de ûndernimmers feriening Wommels/Easterein(OVWE). Op dizze jûn sil Erwin Zeinstra sprekke en  mei bylden sjen litte hoe der bygelyks yn it fjild kommunisearre wurdt tusken de skiedsrjochters en syn assistinten. SC Cambuur – SC Heerenveen, de Champions League-finale en it WK sille ek oan bod komme. Dêrneist sil de keunstgerskommisje fan SDS útlis jaan oer harren plan fan oanpak oangeande it jild generearjen foar de klaaiboksen, it fergrutsjen fan it B-fjild en it nije keunstgersfjild.