Omloop Blauhûs unyk foar Jong Frysk Talint

Blauwhuis - ÛS De Wielerkommisje Blauhûs organisearret tegearre mei de Wielervereniging Snits snein 19 april de achtste  ‘Omloop fan Blauhûs’.

Start en finish binne yn it sintrum fan it doarp, it parkoers is 10,5 km lang en giet fia Wolsum en  Abbegea, oer Westhim en de karateristike Himdyk wer op nei Blauhûs. Hurdfytsers yn de kategory A, B en C starte om 16.00 oere en ride 30, 50 of 70 km. De jeugd fan kategory 1,2 en 3 ride 10, 20 of 30 km en starte om 14.45 oere. It ynskriuwen kin fia www.wvsnits.nl  of snein yn Sportseal ‘de Singel’ fan Blauhûs. Bestjoerslid Sake Jan Sijbrandi is ferantwurdlik foar de Jongerein en wurdt motivearre troch de prestaasjes fan syn eigen soan, Frysk talint Philip (13). Sijbrandi: ,,Jeugdwedstriden binne eins altyd op wedstriidbanen. Mei syn 10 kilometer lange en útdagende route oer de hege bochtige Himdyk is Omloop Blauhûs unyk foar yn Noard Nederlân”. Foarôfgeand oan dit wieler spektakel is der om 14.30 oere in bysûndere wedstriid, it saneamde ‘Stadich Oan Fytse’, de Blauhúster fariant op it populêre Slowbinking, in fytswedstriid wêrby sa stadich mooglik in parkoers fan 11 meter ôflein wurde moat. Sawol jeugd fanôf 6 jier, as folwoeksenen kinne harren oanmelde. De presintaasje fan dit evenemint is yn hannen fan krachtpatser Wout Zijlstra.