INGEZONDEN | 'Oprop frijwillige lesjouwers Frysk yn ‘e ûnderbou'

BOLSWARD - Het Sintrum Frysktalige Berne-opfang stuurde ons een een oproep voor 'frijwillige lesjouwers Frysk yn ‘e ûnderbou'. Hieronder de tekst.

Yn stêden lykas Boalsert en Snits jouwe basisskoallen hieltyd mear omtinken oan it Frysk yn de ûnderbou. Cedin en it SFBO helpe dy skoallen dêrby. Om’t de learkrêften harren soms ûnwis fiele om it Frysk as fiertaal te brûken, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op skoalle helpe wolle om yn it Frysk mei de bern te praten, te sjongen en foar te lêzen. Dêrfoar is in frijwilligersfergoeding beskikber. It giet benammen om de ûnderbou. Ek wurdt soarge foar begelieding en materiaal. Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: m.elsinga@sfbo.nl