Baard, Easterein en Jorwert nominearre foar bêste Fryske doarpssjoernalistyk

Wommels -  Alle jierren skriuwt de gemeente Littenseradiel in wedstryd út foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk'. In karkommisje nominearret trije stikken foar de priis.

Diskear komme de nominearre artikels út de doarpskranten Baarder Kat fan Baard, Doarpskrantsje fan Easterein en De Hiele Toer fan Jorwert. Op de gemeentlike Nijjiersresepsje op moandei 4 jannewaris sil boargemaster Johanneke Liemburg de winner bekend meitsje. De karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Jan Schotanus út Easterwierrum, Djoke Kooijmans út Wommels en Sjoerd Bottema út Weidum. De sjuery hat lang lêzen en fergadere en doe trije stikken nominearre, dy't kwa nivo hiel ticht by elkoar sitte. De sjueryleden fûnen it nivo fan de stikjes diskear wer behoarlik heech. De nominearren De trije stikken dy’t nominearre binne foar de priis binne ‘Gosse Grypstra, ein fan in tiidrek' út de Baarder Kat, ‘It earste aai!’ út it Doarpskrantsje fan Easterin en 'Dweilstik: Beloftes’ út De Hiele Toer út Jorwert. Doarpskrante De Baarder Kat hat yn 2012 en 2013 ek nominearre west foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk. Doarpskrante De Hiele Toer út Jorwert wûn yn 2012 de priis en wie it jier dêrop wer nominearre. Foar it Doarpskrantsje fan Easterein is it de earste kear dat se nominearre binne foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk. Dat kin ek hast net oars; dizze doarpskrante wurdt noch mar oardel jier útjûn yn de deistige foarm. Prizejild It prizejild fan € 500,00 wurdt ferdield oer de trije nominearren. De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 wurdich en de tredde priis € 100,00. It jild is net foar de skriuwer fan it stik mar foar de doarpskrante, om sa de kwaliteit noch fierder ferbetterje te kinnen. Frysk stimulearje De gemeente skriuwt de wedstryd út om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Om te bepalen wa’t de priis winne moast, binne de doarpskranten dy’t by de gemeente binnenkamen yn ‘e gaten hâlden. Skriuwers fan doarpskranten en –websides koenen harren Fryske stikken ek ûnder de oandacht bringe foar dizze priis troch se op te stjoeren.