Jelle Wiersma nimt kop yn damkampioenskip

HARTWERT - Jelle Wiersma is it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul goed begûn. It waard de Wommelser sneon yn Hartwert yn de earste twa omlopen ek net al te dreech makke.

Earst ferseach Hein de Vries him yn ‘e iepening, dat dy partij wie al nei njoggen setten beslikke. Dêrnei beoardiele Tjerk Wijbenga in damtrochbraak wat al te optimistysk. Hy hie de stân materieel wer yn it lykwicht bringe kind, mar liet dat gewurde, en dat betearde foar de Arumer net goed.

Underwilens liet de konkurrinsje al punten sitte. Taeke Kooistra koe syn thúsfoardiel tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) net fersulverje; hy kaam net fierder as kamp. Walinga syn broer Marten mocht sels fan alle gelok sprekke dat Pieter Hoogterp yn it einspul de kop der net hielendal by hie. No bleau de skea foar de Waaksenser beheind ta in heal punt.

By de twadde acht hat Willem Schaap fan Dearsum allinne de kop naam. Yn ‘e tredde acht steane good old Sjoerd Couperus en Piet Sikma boppeoan. Sy fersloegen de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma.