Doarpskrante De Pinfisker fan Parregea wint priis bêste Frysktalige stik

BOALSERT/PARREGEA - In anekdoate oer de sniewinter fan 1979 is it bêste Frysktalige stik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. De anekdoate is skreaun troch Ida van den Berg fan doarpskrante ‘De Pinfisker’ út Parregea. It stik ‘Koade read, 39 jier lyn’ is útkeazen út 29 ynstjoeringen.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjut hat.

De twadde priis (200 euro) gie nei Diggelfjoer út Wommels foar de tekst ‘De profylfoto fan Klaas in grut sukses’, skreaun troch Pieta Zijlstra, en de tredde priis (100 euro) gie nei Diggelfjoer út Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foar de tekst ‘Hoe is it no mei...’, skreaun troch Watse Zeinstra.

Ambassadeurs fan it Frysk

It is de tredde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wethâlder Van Gent is tige wiis mei it tal ynstjoeringen. Ferline jier hat de gemeente ûndersyk dien nei wat de ynwenners wolle oangeande it Frysk. Ut dat ûndersyk kaam ûnder oaren nei foaren dat elk, al of net Frysktalich, wol dat it Frysk oer hûndert jier noch bestiet. ,,Doarpskranteredaksjes spylje dêr in belangrike rol yn”, seit Van Gent. ,,Sy meitsje it Frysk sichtber yn ús gemeente en dat makket harren ta ambassadeurs fan ’e Fryske taal.”

29 ynstjoeringen

Yn totaal hat de gemeente 29 Frysktalige teksten krigen, fan njoggen doarpskranten. Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útset. Van Gent: ,,It is moai om te sjen dat hieltyd mear redaksjes oan ’e priisfraach meidogge.”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen, sawol fan ’e kwaliteit fan it Frysk as de ynhâld fan ’e ferhalen. ,,Je krije fuort ek in glimke mei fan wat libbet yn al dy doarpen”, seit Blom, dy’t riedslid foar de FNP is yn Súdwest-Fryslân.

Njonken Blom bestie de sjuery út Jantine Weidenaar (sjoernalist by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer).

It winnende stik:

Kode Read, 39 jier lyn

As, sa as heal desimber fan it ôfrûne jier, kode oranje ôfjûn wurdt, moat ik tinke oan de winter fan 1979. De deis yn febrewaris 1979 dat jûns in sniestoarm hiel Fryslân plat lei brocht ik Ruurd nei Skiphol, hy moast foar syn wurk nei Ingelân. It wie net in maklike tocht, it wie hjir en dêr glêd en it snijde no en dan. Hoe tichter by Skiphol hoe better de diken wiene. Doe’t wy by Skiphol wiene haw ik Ruurd ôfset en begûn daliks oan de weromreis dy’t hiel wat langer duorje soe as gebrûklik.

Oant Hoorn ta gyng it wol al snijde it, mar it waard hieltiten minder en doe’t ik de ôfslútdyk opdraaide ûntduts ik dat it der net bêst útseach. Ien lange rige auto’s dy’t krûpende wei oer de fluchstrook ried. Pas letter doe’t wy oer de dyk wiene die bliken dat wy efter in snieskouwer oan riden hiene. Ienkear oer de dyk waard it wat better, mar it duorre noch in hiel skoft foar’t ik de provinsjale dyk op koe nei hûs.

Dy dyk wie gek genôch goed te beriden. Troch Parregea hinne wie wer in hiele toer, mar nei oeren koe ik de auto yn de garaazje ride. Dêr soe dy in pear wiken stean bliuwe. De oare deis siet alles ticht. Ik koe allinne út hûs troch de efterdoar fan de garaazje. Ik skepte my in wei nei foaren. Foar de garaazjedoar lei in pear meter snie en foar de foardoar lei net folle minder. Der wiene al mear minsken oan it skeppen, ik wit noch dat buorfrou Afke en ik in paad skepten nei de Trekwei. Dêr seach it der krekt sa út as yn de Tynjestrjitte, oeral snie en nochris snie. Yn de Trekfeart wie it wetter net te sjen, de snie lei like heech as de Trekwei.

Oeral wiene minsken oan it snieromjen en der waarden fansels ek nijtsjes útwiksele. By it Lokaal wie Hindrik Postma mei oare minsken fan de Brânwar oan it skeppen op syk nei de brânkraan. Ik makke in rûntsje troch it doarp en gyng ek even nei Tsjal (de doarpswinkel). Dy fertelde my dat se foar har fêste klanten spullen opslein hie yn har magasyn, se ferwachte dat der minsken boadskippen helje soene dy’t se oars nea yn de winkel seach, Myn sigaretten wiene feilich.

Thús kaam sette ik de radio oan, op de Fryske sinder fansels. It waard wol dúdlik dat it oeral yn Fryslân tige wyt wie. Der kamen berjochten oer auto’s dy’t ynsnijd wiene, minsken dy’t mei muoite (soms mei in helikopter) nei in sikenhûs brocht waarden ensfh. De measte minsken koene gjin kant út. Mar de ienriedigens wie great, wer’t help nedich wie, kaam dy help der ek. Ik koe dy jûns fansels net sa’t ik wend wie nei Bloemkamp om by skoanmem op besite te gean. Ik betocht dat ik de oare deis dan mar middeis rinnende wei gean soe.

Mar de oare moarns seach ik dat der hiel inkeld in auto ried op de ‘grutte dyk’, dus om ien oere begûn ik oan myn tocht nei Boalsert yn de hope in lift te krijen. De earste de beste auto stoppe, in frachtwein mei molkbussen op wei nei de bûterfabryk yn Frentsjer. Ik koe meiride oant de stopljochten. De tocht troch Boalsert wie in toer, ik glibbere alle kanten op. De stoepen wiene net te begean, dus alles gyng midden oer de wei. By Bloemkamp kommen (en by skoanmem) die bliken dat ik net de ienige wie dy’t it der op weage hie, omke Harke wie rinnende wei út Tsjerkwerd kommen.

Nei in oerke setten we ôf, wy soene tegearre de weromreis meitsje, mar foar de Groene Weide bruts dehakke ûnder myn lears wei, ik nei de skuonmakker (gelokkich tichtby) en omke nei hûs. De skuonmakker makke myn lears en ik rûn nei de stopljochten en hope op in lift. It duorre mar eefkes, doe stoppe der al in auto, ik hie gelok want der ried hast neat.

Yn de auto sieten twa mannen út Wommels, ien wie fan de Feekeuringstsjinst en moast foar syn wurk nei Gaast, hy hie syn broer mei naam om te helpen as hy fêst kaam te sitten, sniekowers en skeppen efter yn de auto. Dat wie wol nedich want ik hie al heard dat de ferbiningen mei Ferwâlde en Gaast tige min wiene. Se woene my oan hûs ta bringen, mar ik liet my ôfsette op de krusing mei de Angterperleane en rûn oer de dyk nei hûs.

De oare deis ried der al wer in bus oer de grutte wei, mar fanôf de stopljochten moast ik rinne want Boalsert wie foar alle ferkear praktysk ûnbegeanber. Skoanmem fûn dat ik, as ik dan beslist komme woe, it mar om de dei dwaan moast en dus makke ik mei omke de ôfspraak dat hy de iene en ik de oare dei op besite gean soe.

Ik moat sizze dat ik my dy wiken fermakke ha as in mosk yn it sân. It wie tige gesellich yn it doarp en oer de greate dyk wie Boalsert mei de bus te berikken. Oan de stopljochten ta dan. En thús de radio op de Fryske sinder.

Ús heit syn jierdei, 17 febrewaris, waard net fierd, net ien koe komme. Myn broer belle my fanút Annen en frege: Kinsto op’e Gerdyk komme? Ik sei: Miskien wol as ik oer Louwert gean, mar dan moat ik earst de auto útgrave. Foar him jilde itselde, de A7 wie net iepen, dus hy soe ek oer Ljouwert moatte. Wy bleaune dus mar moai thús.

Doe’t ik einliks de auto wer brûke koe wie it noch net mooglik om lâns de Trekwei te riden, dus gyng ik rjochtstreeks nei de grutte dyk, wer’t no it tunneltsje is. Dat wie ferbean mar dêr mealde doe net ien om. It hat noch in skofstje duorre foar’t de dyk nei Snits wer iepen wie, dêr moasten se earst in soad auto’s útgrave.

Doe’t ik nei 4 wiken Ruurd fan Skiphol helle wie alles wer by it âlde, hy hat der neat fan mei krige, gjin flok snie soen.

Ida van den Berg.