Frysk damjen foar jeugd, pupillen en begjinners yn Blauhús

BLAUHUS - Ferkillende toernoaien Frysk damjen waarden sneontemiddei spile yn Blauhús.

Dit yn trije klassen: jeugd (fan 12 jier ôf), pupillen en begjinners. It gong ûnder oare om pleatsing foar de persoanlike kampioenskippen yn dy kategoryen, mar der wiene ek prizen foar de bêste risseltaten fan dizze middei.

By de begjinners hawwe Mette Jorritsma, Jurre Jansen, Maaike Kroon en Brecht Frankena, allegear út Blauhús, har pleatst foar de finale op 16 febrewaris oansteande. Dat diene se mei de punten fan dizze wedstryd en dy fan 28 desimber 2018. De totale punte- oantallen wiene: Maaike 7 punten, Mette 8 punten, Brecht 10 punten en Jurre 14 punten.

De deipriis fan de begjinners wie ek foar Jurre Jansen, mei 9 punten. De preemje wie foar in debutant út Boalsert, Teije Stor, mei 6 punten. Spitigernôch hie Teije net meidien by de wedstryd fan 28 desimber, oars hied er in goeie kâns hân om him te pleatsen foar de finale.

By de jeugd is it noch net hielendal dúdlik wa’t pleatst binne foar de finale, omdat noch net alle partijen spile binne. Wol hawwe alle oanwêzige jeugdspilers en pupillen meiinoar noch in toernoai damd mei fiif menuten op ’e klok, mei dêryn prizen foar beide groepen.

Nei njoggen omlopen wiene der eareplakken foar Marcus Kroon út Blauhús (preemje pupillen), Wytze Zeinstra út Blauhús (priis pupillen), Herre Klaas Ykema fan ’e Gaastmar (preemje jeugd) en Wiebren Ykema fan ’e Gaastmar (priis jeugd).