Ekstra foarstelling Spuit12 yn Wytmarsum

WYTMARSUM - Nei suksesfolle optredens yn Wytmarsum en Ried spilet Spuit12 nochris, op fersyk, yn de Roskam yn Wytmarsum op snein 3 febrewaris om 16:00 oere.

Dit kabaretprogramma wurdt spile troch Aagje en Henk Waterlander, Coby Yntema en Fred Reijenga. Sy bringe in fleurich en komysk programma. Kaarten bestelle (10 euro pers stik) kin op spuit12cabaret@gmail.com en betelje oan 'e seal.