COLUMN | Oplade

Ferline wike siet der in Reisbylage by de krante. Op de foarside in foto fan in aventoerlik berchlânskip, in oanbieding all inclusive cruise en reklame fan de Caravana. Op de folgjende siden wurde we meinommen nei de USA, Kreta, Súd-Amearika, Portugal, Guernsey, Noard Iislân, Tsjechië en Hurtigruten.

We reizgje mei auto, karavan, kamper, trein, skip of stige op nei fiere oarden fanôf airport Eelde. Op de bestimming oankommen jouwe we ús del, dogge mei oan in organisearre rûnreis, rinne, farre, klimme, dogge in safari of kieze foar in selfdrive. Yn Portugal en Sweden kinst fytsen hiere.

We ferbliuwe ynresorts, hotels, villa’s, hutten of tinten. We dogge dat single, mei it gesin of yn in groep. Ik seach ek reizen mei in ‘christelijke identiteit’. We hawwe hiel wat te kiezen.

Al blêderjend kaam ik efteryn de Reisbylage in tip tsjin dy’t my tige oanspruts: ‘hier ervaar je het echte gevoel van vrijheid, hier voel je zelf de ochtenddauw en geniet je van de rust en ruimte’. En leau it of net, mar dat gie dus oer wêr jo en ik wenje, Fryslân.

Ik ha daliks de tariedings fan myn simmerfakânsje opstartten troch de E-fyts nei de fytsmakker te bringen foar in grutte beurt. Tagelyk bin ik op siik gien nei adressen wêr jo E-sloepen hiere kinne foar as aanstons de Reidmarroute fan Wolsum oer Westhim nei de Brekken klear is. En fierder bin ik no mysels en de batterijen fan de E-fyts oan it opladen foar de kommende simmer, om dan follop fan de ‘rust, ruimte en ochtenddauw’ te genietsjen.

Sicco Rypma.