Burgemeester De Vries tijdens nieuwsjaarsspeech: ‘Krêft fan ’e mienskip moatte wy brûke’

SNEEK - ‘It takes a village to save a planet’, zo betoogt burgemeester Jannewietske de Vries van Súdwest-Fryslân in haar nieuwjaarstoespraak. Ze doelt daarmee op zaken die op wereldniveau spelen, waar ook lokaal een oplossing voor gevonden moet worden.

,,Klimaattoppen dy’t mislearje, hannelsoarloggen, flechtlingestreamen, wrâldmachten dy’t gjin each hawwe foar wêr’t minsken lykas jo en ik ferlet fan hawwe. It kin je machteleas meitsje, of synysk oer de takomst. Ik tink it tsjinoerstelde. It is krekt op ús nivo dêr’t de ferskillen makke wurde”, zo sprak De Vries de aanwezigen in Kunstencentrum Atrium donderdagavond toe. ,,No, dan meie wy ús yn ’e hannen knipe. Wy hawwe 89 fan dy ‘villages’ yn ús gemeente”, komt ze later terug op eerder genoemde metafoor.

Verder roemt de in september geïnstalleerde burgemeester vooral de mienskip. ,,De krêft fan ’e mienskip moatte wy brûke foar de grutte transysjes yn Nederlân, yn ’e wrâld. Want it giet earne oer: it klimaat, de enerzjy, hoe’t wy wenje en wurkje wolle, hoe’t wy ús ferpleatse wolle, wat wy ite en hoe’t wy dat ferbouwe, yn hokker lânskip wy libje wolle. Wy kinne hjir ús terpementaliteit ynsette as krêft. Want wy binne lânmakkers, al generaasjes lang. Terpen, polders, diken; wy wiene de takomst foar.”

,,Terpementaliteit yn ’e 21ste iuw: dat betsjut grutte problemen oanpakke mei in hiel soad lytse oplossingen. Wy binne op syn bêst as it moat. En it moat no. Mei-inoar de natuerlike stappen sette. Mei-inoar it lânskip fan ’e takomst meitsje. Dat freget belutsen ynwenners. En dy hawwe wy! Sjoch mar ris wat der allegearre bart yn ús gemeente”, gaat ze later verder.

Een aantal burgerinitiatieven in de gemeente kunnen op haar complimenten rekenen. De Vries ging de eerste maanden van haar burgemeesterschap bij wijze van kennismaking bij een aantal projecten langs. ,,Ik bin yn ’e ôfrûne moannen al yn ’e kunde kommen mei sa’n soad belutsen minsken. Want dêr giet it om: ien minske. Ien fan ús mei in idee, mei it entûsjasme om in oar yn beweging te krijen. Ik wol dus dat it mei elkenien yn dizze gemeente goed giet, dat elk him of har hjir thús fielt.”

Vervolgens noemt ze een aantal ‘inspirerende en uitdagende’ voorbeelden, zoals de Kledingbus, het project It Gouden Lân bij Kimswerd en professionele watersportondernemers die als vrijwillige hulpverleners voor de veiligheid op het water zorgen.

,,Sa’n jier jout enerzjy foar de takomst”, gaat de burgemeester richting het einde van haar speech. ,,Fan in net bekend gebiet nei in top 3-bestimming yn de Lonely Planet. Dan is de stap ek net mear sa grut om te sizzen ‘It takes a village to save a planet’. Grut doare te tinken en tagelyk in hiel soad lytse stappen sette. Grut tinke, lyts dwaan. Ik wol dêr yn 2019 in belangrike ambassadeur foar wêze; ek op provinsjaal en ryksnivo.”

Tot slot belooft De Vries ook het nieuwe jaar eropuit te trekken. ,,Sels sil ik ek net sitten bliuwe op myn keamer yn Snits. Ik wol rûnom op ’en paad wêze yn ’e gemeente. It hiele jier troch. Mar ek mei dizze nijjiersresepsje. Dy is fan no ôf alle jierren yn in oare ‘village’ (doarp of stêd). Graach hear ik dit jier yn hokker plak dat wêze moat yn 2020 en wêrom. En wa wit fier ik it nije jier dan mei jo.”