Hartwert twadde op klupkampioenskap Frysk damjen

Easterein - It is Hartwert ôfrûne sneon krekt net slagge om it klupkampioenskap Frysk damjen wer binnen te heljen. Nei in spannende striid wie Skearnegoutum de ferrassende winnaar. Yn de oersichtlike wrâld fan it damjen yn it Fryske spul leine de ferhâldings de lêste jierren wol sa'n bytsje fêst. Op 'e klupkampioenskippen naaiden de klups fan Hartwert en Aldegea SWF altyd mei de beker út, wylst Skearnegoutum ornaris net fierder kaam as it tredde plak. Dat betearde ôfrûne sneon yn seal Bergsma yn Easterein lykwols oars. It wiene no de dammers fan Skearnegoutum dy't oan 'e ein de blommen krigen. En foar Aldegea waard de dei net oars as in lyts drama.

It die de moarns al útwizing dat it dizze loop oars as oars wie. It promovearre Lollum- Waaksens moast it opnimme tsjin de hearskjende kampioen Aldegea. It achttal fan de lytse klup út Lollum is wat wanwichtich gearstald: sterk oan 'e heechste buorden mei damkanonnen as Foeke Tiemensma en Marten Walinga, mar dêrneffens kinne de leechste buorden lang net meikomme. It opmerklike feit die him no lykwols foar dat krekt dy ûnderste buorden de earste punten ynhellen. En doe't Sjoerd Couperus syn partij ek ferlear - de Aldegeaster feteraan wie oars al foar de 59ste (!) kear op it kampioenskip presint -, doe stie Lollum al mei 3-0 foar. Tiemensma en Walinga diene dêrnei wat fan har ferwachte waard, en sa helle it Lollumer achttal úteinliks in daverjende oerwinning. Dêrmei wie de sensaasje noch net kompleet, want Hartwert en Skearnegoutum holden inoar mei 4-4 yn it lykwicht. En sa wie Lollum ynienen de grutste kânshawwer foar it kampioenskip. Safier kaam it lykwols net. Hoewol't de beide boppeste buorden op 'en nij de folle winst pakten, bliek de rest fan 'e Lollumer ploech yn 'e twadde omloop te swak foar Hartwert. Underwilens lieten de Aldegeasters tsjin Skearnegoutum sjen dat se har dei net hiene. Mei 2,5 tsjin 5,5 lutsen se op 'en nij oan 'e koartste ein, al moat dêrby al oantekene wurde dat de ploech dizze dei twa ynfallers opstelle moast. Sa namen Hartwert en Skearnegoutum yn 'e mande de kop oer, en dêrby stiene se ek nochris lyk yn it tal buordpunten. Spannender koe it dus net. Yn 'e lêste omloop soe it der om gean. By Aldegea wie it noch altyd nacht yn 'e nane; no ferlear de ploech mei 2,5- 5,5 fan Hartwert. De Lollumers hiene ek foargoed har krûd fersketten. "De Rûge Wolf" waard troch Skearnegoutum mei mar leafst 7-1 oan kant reage, en dat smiet safolle buordpunten op dat "De Stadige Strikers" foar de twadde kear yn 'e skiednis fan 'e Skearnegoutumer klup it klupkampioenskip op har namme skriuwe koene. Aldegea bleau úteinliks op nul punten stykjen, en dat betsjutte in pynlike degradaasje dêr't yn it foar nimmen op sind hawwe sil. Foar Skearnegoutum waard it hielendal in topdei doe't it twadde tiim de tredde klasse op syn namme skreau. Hartwert hie der in treastpriis yn 'e twadde klasse. It twadde tiim bliek dêr it sterkste, sadat it lytse damdoarp takom' jier mei twa ploegen yn 'e kampioensklasse fertsjintwurdige wêze sil. Dy heechste eare is Blauhús noch nea beskern; diskear einigen de mannen yn 'e blauwe switers op it op himsels net ûnfertsjinstlike twadde plak. It degradearre Gaastmar kaam diskear dus net werom, dat him der ek oan lein hawwe sil dat de ploech troch it ferstjerren fan Augustinus van der Goot it sûnder syn sterkste spiler dwaan moast. Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes de buordpunten): Kampioensklasse: Aldegea SWF - Lollum-Waaksens 2,5-5,5, Hartwert - Skearnegoutum 4-4; Skearnegoutum - Aldegea SWF 5,5 - 2,5, Lollum-Waaksens - Hartwert 2,5-5,5; Hartwert - Aldegea SWF 5-3, Lollum-Waaksens - Skearnegoutum 1-7. Einstân: Skearnegoutum 2,5 (16,5); Hartwert 2,5 (14,5); Lollum-Waaksens 1 (9); Aldegea SWF 0 (8). Twadde klasse: De Gaastmar - Jorwert 6-2, Blauwhús - Hartwert II 3- 5; Hartwert II - De Gaastmar 5,5-2,5, Jorwert - Blauwhús 2-6; Blauwhús - De Gaastmar 5-3, Jorwert - Hartwert II 4-4. Eindstand: Hartwert II 2,5 (14,5); Blauwhús 2 (14); De Gaastmar 1 (11,5); Jorwert 0,5 (8). Tredde klasse: Aldegea SWF II - Hartwert III 4-4; Skearnegoutum II - Hartwert III 5,5- 2,5; Skearnegoutum II - Aldegea SWF II 4-4. Einstân: Skearnegoutum II 1,5 (9,5); Aldegea SWF II 1 (8); Hartwert II 0,5 (6,5).