Fryske jûn in bibliotheek Workum

Workum -  Bibliotheken SúdWest organisearret 10 febrewaris yn de byb fan Koudum yn gearwurking mei Stichting de Sudwester in Fryske Jûn mei skriuwer en ferteller Douwe Kootstra en muzyk fan Beano.

Douwe Kootstra is foaral bekend wurden as skriuwer fan reisboeken en as columnist fan Omrop Fryslân en it Fryske Gea. Op syn repertoire steane mearkes, seagen, legindes, mythen, mar foaral ek fermaaklike folksferhalen. De muzyk is fan Beano tige bekend yn Koudum en omkriten. . Ynrin fanôf 19.30 oere mei in bakje kofje/tee. Om 20.00 oere (tot 22.00 oere) giet it oan en kinne jo genietsje fan ferhalen en muzyk. En ek in drankje sit by de priis yn. Yntree leden 3,50, net leden 5,00 euro.