Toanielferiening Hieslum bringt 'Ekstra help op de earste help'

Hieslum -  Toanielferiening Hieslum bringt dizze klucht yn trije bedriuwen. It stik is fan auteur Henk Roede, de fryske oersetting is fan Gurbe Dijkstra. It spylet him ôf yn medysk sintrum Hieslum.

Op de earste help is it in drokte fan belang. De âlde dokter giet mei pensjoen, mar is de útstjoerkrêft wol de ferfanger dy ’t ynwurke wurde moat? Echt skjin is it dêr net, want it haad fan de earste help hat de skjinmakker dien joun. Wa is eins dy man dy ’t fan alles opskriuwt? Twa susters dy ’t de ôfdieling oanstjoere en twa froulju mei tinkbyldige kwaaltsjes. Dyjinge dy ’t nei in botsing deryn komt kin net fertelle wa ’t hy is omdat syn holle yn it wynsel sit. Hoe oft dit fierder giet is te sjen yn ien fan de  útfieringen op 2 april, 8 april of 15 april  yn de tsjerke fan Hieslum. Oanfang 20 .00 oere . Tagong € 5 . Legereskoallebern hawwe frije tagong. Der is ek in ferlotting. Graach reservearje en oanjaan foar hokker joun it is. Gepke Heeres : 06 20 14 90 57. Imelda Bootsma : 06 23 71 62 71. Jantje Boekema : 06 15 54 03 93.