COLUMN | Douwe docht kalm oan

Bolsward - Singer-songwriter Douwe Bob giet mei it nûmer ‘Slow Down’ oer twa wiken nei it Songfestival. It is in protestsong tsjin it fluchtige libben yn Douwe syn wenplak Amsterdam. Herman van Veen fertolkte dat gefoel al ris yn ‘Opzij, opzij, opzij’.

Douwe Bob hat mei in ploech skriuwers ynspiraasje opdien foar dit liet yn Portugal, Spanje en Sweden: ,,Als je in Zweden in de bossen bent, of in Spanje door de velden rijdt op een paard, daalt er een rust over je heen en zie je alles meer in perspectief. Dat voelt goed!” Koartlyn lies ik yn de ‘Katholieke Illustratie’ fan 29 novimber 1919 it artikel fan J.J. van der Weij oer in lokale skilder-dichter: ,,De kunstenaar leeft te midden van een boerenbevolking te Blaauwhuis, op een uurtje afstand van Bolsward. Iemand die heel weinig spreekt maar des te meer denkt en ziet, en het overdachte en geziene omzet in kunst van woorden, kleuren en lijnen.” Jo hienen dus yn 1919 in oerke wurk om fan Blauhûs nei Boalsert te kommen. Dat dienen jo rinnend oer tsjerke- en postpaden sûnder stopljochten en files. Underweis wie der folop stilte en natuer om ynspiraasje op te dwaan. Der is úteinlik yn 100 jier noch neat feroare, we hawwe rêst en tiid nedich om ynspiraasje op te dwaan. Soe Amsterdamske Douwe wol troch hawwe dat der oan de oare kant fan de Ofslútdyk ek in lân leit mei rutepaden en bosken? In lân mei fraaie natuer, iepen lânskip, kultuer-histoarje en romte. It is mar in oerke reizgjen. Sicco Rypma.