Sneintejûnssjongen yn Easterein op 26 maart

EASTEREIN -  Yn de Martinitsjerke fan Easterein is op sneintejûn 26 maart (19.30 oere) wer in Sneintejûnssjongen.

Meiwurkers binne: it gelegenheidskoar û.l.f. Sjoukje Heins, de fanfare ‘Wilhelmina’ û.l.f. Pieter Bosma en oargelist Balt de Vries. “Wilhelmina”sil û.o. it konkoursstik “Le Champion de Tir” fan Rob Goorhuis hearre litte. It koar hat in ôfwikseljend programma mei lieten út it lieteboek, mar ek in pear flotte Frysktaligenûmers. De tagongfoar dit konsert is fergees.