Alderwetsk gesellige Toanieljûn Blauhús

BLAUHUS - Yn kafee De Freonskip fan Blauhûs is sneon wer in âlderwetsk gesellige toanieljûn. Dan wurdt yn de nije seal fan it kafee it súksesfolle stik Kredyt opfierd.

Knilles giet de wrâld yn, hy moetet de Twentske Hettie, sy skriuwt in boek oer in Fryske artyst. De politiker, Peke van der Klamp, nimt alfêst wat kredyt op de demokrasy. Jabke, it fleksibel postkantoar, sortearret de post yn it kafee. Wa’t net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn Kredyt komme se by inoar. Kredyt is de opfolger fan Katarsis, Kredo en Krimp. Allegear skreaun troch Gerrit Breteler en spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma. Sneon 16 desimber 2017 20.30 oere Kafee De Freonskip Blauhús