COLUMN | Kalm oan Kees!

Der hinget in spandoek ‘modder op de weg’ by ús op e buorren, in goed moanne lyn hong der ien mei ‘we gaan weer naar school’. Beide spandoeken hawwe as doel ús te warskôgjen tige hoeden diel te nimmen oan it ferkear. It doek oer de modder fertelt: ‘it kin glêd wêze’ en it oare: ‘tink om ús bern!’

Spandoeken binne der yn soarten en maten, makke fan in âld lekken oan biezemstokken: ‘ús mem is hjoed Sara’, oant profesjoneel pvc-doek op in frame: ‘Utferkeap’. Yn ferkiezingsstiid sjogge we ek faak spandoeken; mei de namme fan in partij, allinnich in gjalp of foto. It doel fan dizze doeken is altyd dat it boadskip, de gjalp, yn ien kear helder oerkomt at jo der foarby komme: dat it feest is, jo goedkeap winkelje kinne of dat op jo stim rekkene wurdt.

No binne der tsjintwurdich hieltyd mear digitále spandoeken, de saneamde banners op jo kompjûter en mobyl. Hjirby hoege jo dus net mear by it doek del te riden mar komt it doek sels nei jo ta. Ynternet soarget der foar dat jo en ik net deselde banner sjogge, mar wat jo of my persoanlik ynteressearret.

No tocht ik, mei al dy technyk moat it dochs ek mooglik wêze om in slimme ‘Jo ride te hurd’ - Smiley mei kamera te ûntwikkeljen mei gesichtswerkenning. Sa fan: ‘Kalm oan Kees!’ of ‘Lit dyn mobyl los Margriet!’

Sa’n helder boadskip makket it ferkear der in stik feiliger op.

Sicco Rypma.