COLUMN | Fantasy Fakânsje

Yn ús heit syn arbeidskontrakt wie de fakânsje goed regele: ‘De koster heeft recht op twee weken vacantie per jaar, evenwel niet op Zon- of Feestdagen’.

Sadwaande giene we as simmerfakânsje troch de wike - of sneins nei tsjerke at der middeis gjin Lof wie - mei heit en mem út fytsen. Efterop, fuotten yn de fytstas, dan koest links en rjochts sjen en fantasearre ‘wêr binne we no’.

Mei de lettere cao’s krigen minsken mear fakânsjedagen én fakânsjejild. Sa kamen der ek spesjale winkels wêr je fakânsjes boeke koene. Mei de auto of fleantúch, lekker lui of aktyf, waarm of fris, wol of net all inclusive, tinte of hotel, Dútslân of Australië alles is mooglik.

Mar tiden hawwe tiden, samar nei bûtenlân reizgje is tige beheind dizze tiid. Sa ûntstie al gau de trend om yn eigen lân te bliuwen. En dus hearre we no hiele positive lûden om ús hinne oer. ‘We wisten niet dat Fryslân zo mooi was’. Rekreanten en wysels belibje al farrende, fytsende of rinnende ús rykdom oan rêst en romte.

Thúsbliuwers wurde ek betsjinne. Dy kinne yn de luie stoel fuortdreame by Slow Travelling programma’s sa as Rail Away of Denkend aan Holland mei Andre van Duin en Janny van der Heijden.

Mei harren nijste kampanje fantasearre VVV en Merk Fryslân dat de Oldenhove de ‘Toren fan Pisa’ is en de Seedyk by Marrum de ‘Chinese Muur’. Fantasearre en fuortdreame soe wolris it nije fakânsje fieren wurde kinne. Krekt as wy foarhinne al diene, mei de fuotten yn de fytstas.

Sicco Rypma.