Keatsklub ‘Spui yn’e Want’ slút seizoen ôf mei tradisjonele Pearke Keatsen partij

HARTWERT Elts jier wurdt it keatsseizoen yn Hartwert ôfslúten mei it pearkekeatsen. Dit jier wie dat foar de 25e kear en sûnt 2015 wurdt dizze partij sponsere troch Bonnema Túnoanlis út Reahûs.

Ek dit jier wer in pracht list mei 34 pearkes, mei ferskate kânshebbers foar de titel, mar ek inkele pearkes dy foar in ferrassing soargje kinne en fansels pearkes dy witte dat se gjin kâns meitsje, mar genietsje fan dizze moaie keatsdei. Lokkich begûn de dei mei sinneskyn, mar geande wei de dei kaam dêr hurd feroaring yn, sa no en dan foel der in plens wetter út de loft oer de pearkes hinne. It keatsen waard der beslist net minder om. De taskôgers dy’t der wiene, krigen pracht partijen te sjen.

Se keatse yn Hartwert net yn ferskate klassen dat yn de 1e omloop waarden de pearkes mei wat mindere kwaliteiten al gau ôffierd nei de ferliezersronde. Wedstriidlieder Auke Bloemhof hold de gong der goed yn en algau koe men los mei de 2e omloop en by de winners kamen der fuort al inkele top pearkes tsjin elkoar oer te stean lykas Rejan Okkema mei Leon Bekema tsjin Tessa Booms en Thys Strikwerda. De earsten moasten earst opgang komme, mar setten mei harren efterstân om yn winst mei 5-3.

Top pearke Feikje v/d Brug mei Robert Cuperus wûnen ek hiel maklik harren 2e partij. It pearke Gerrit Jan Duiven mei syn freondin Feikje Anema kamen ek goed troch de earste twa omlopen hinne. Julian Faber, ferline jier finalist en dit jier keatsend mei talintfolle Inge Blanke, kaam yn de 2e omloop tsjin oer it top partoer Rika van Dijkshuizen mei Anco Elgersma te stean en pas op de stân fan 5-5 en 6-4 wisten Julian en Inge dat te winnen.

Sjoerd Teake Kooistra, ferline jier winner, no keatsend mei freondin Tryntsje Bouma, liken it muoilik te krijen tsjin âld winner Meindert Bonnema keatsend mei jeugdkeatster Hieke Bootsma, mar dy makken tefolle opslachfouten en de winst wie mei 5-2 foar Sjoerd Teake en Tryntsje. Ald winner Sybren Poelsma keatsend mei freondin Wietske Metzlar wûnen harren earste twa partijen frij maklik, sa ek Hendrik Galema mei freondin Maaike Swart dy’t faaks wol in priiske mei pakke by’t pearkekeatsen.

Yn de 3e omloop is it der op of ûnder. Leon en Rejan rekkenje ôf mei Anneke Hofstee en Anno Galema. Robert en Feikje leinen Jan Flapper en Femke Douma op de rêch. De partij tusken Julian en Inge tsjin Gerrit Jan en Feikje waard in ware triller. Op de stân fan 5-5 en 6-4 wie de partij pas út yn it foardiel fan Gerrit Jan en Feikje. Noch sa’n triller wie de partij tusken Sjoerd Teake en Tryntsje tsjin Sybren en Wietske. It like dat Sjoerd Teake en Tryntje it maklik winne soene want hja stiene samar mei 5-2 foar, mar op de stân fan 6-6 gong eltse kear it earst nei Sybren en Wytske dy as liuwen fochten en hieltiten tichterby kamen, mar yn it lêst earst stieken Sjoerd Teake en Tryntsje hjir in stokje foar en wûnen it mei 5-5 en 6-2. Hendrik en Maaike hiene in steand nûmer.

Yn de 4e omloop giet it dus om de prizen. Hendrik en Maaike komme te koart tsjin Leon en Rejan hja ferlerne it mei 5-1. Robert en Feikje tsjin Gerrit Jan en Feikje wurdt in kraker de beslissing falt pas op 5-5 en 6-6. It is Feikje v/d Brug dy’t de bal krekt foar slacht en sa komt Gerrit Jan Duiven mei syn freondin Feikje foar it earst by it pearke keatsen yn de finale te stean, in hiele knappe prestaasje. De oare finalisten sil gean tusken de gedreven keatsers Leon mei Rejan en Sjoerd Teake mei Tryntsje. Yn dizze partij stiene Sjoerd Teake en Tryntsje deeglik en stabyl te keatsen en dat wie efkes jusjes minder by Leon en Rejan it gefal hja ferlearen it mei 5-2.

Yn de finale ‘echte pearkes’; twa geweldige keatsers mei in freondin dy’t beide C keatsers binne. De heren stjoerden harren freondinnen de hiele dei goed oan en dy diene geweldich harren bêst, beide oer de hiele dei wis yn de opslach. Tryntsje sloech goed út mar dy ferhipte Gerrit Jan stie altiten te plak en dan komme de earsten net sa hurd oan de tillegraaf. As Feikje in bal mis sloech, makke Gerrit Jan der noch wol in beste keats fan. Gerrit Jan wie hjoed hast net te bekeatsen dat fernaam ek Sjoerd Teake dy’t de opslachballen fan Gerrit Jan mar muoilik ferwurkje koe. Se stiene ek samar efter mei 5-2. Mar Sjoerd en Tryntsje joechen net samar belies en kamen werom ta 5-4, mar mear siet der foar harren net yn. Sa binne Gerrit Jan en Feikje de terjochte winners fan it pearkekeatsen 2020 yn Hartwert.

Yn de ferliezersronde kamen Ate Groenveld keatsend mei syn dochter Nynke yn de finale te stean tsjinoer dochs wol ferrassend Bouke Fopma keatsend mei syn nicht Geertje Hannema. Dizze partoeren ha yn de 1e omloop beide tsjin in top pearke belies jaan moatten. Bauke en Geertje stiene samar 5-2 efter, mar se joechen it net op en kamen werom ta 5-4. Mear lieten Ate en Nynke net ta. Foar beide pearkes in prima prestaasje. In tredde priis wie der foar Anne Jent de Boer mei freondin Brechtsje Jorritsma. Moai wie te sjen dat by dit pearke de frou de man oanstjoerde en dy die osa syn bêst. Nei de priisútrikking fan it pearkekeatsen, hie it bestjoer beslúten om de prizen fan it kompetysje keatsen der mar efter oan te dwaan, want mei de corona perikelen witte hja net as de feestjûn yn oktober wol troch gean kin. By de heren hat Piet Zijlstra it wûn en by de dames Tryntsje Bouma. Al mei al is it dochs noch in moai seizoen west foar de keatsferiening Spui yn ‘e Want.