Drok wykein op keatsfjild K.F Spui yn ‘e Want

HARTWERT It wie ôfrûne wykein drok op it keatsfjild fan K.F Spui yn ‘e Want. Sneon waard de federaasje-regio wedstriid hjir holden foar de jeugd en dêr kamen mar leafst 116 keatsers/sters op ôf.

Snein stie de Súvel en Fleis-partij op programma sponsere troch feeboer Hendrik Galema en feekeapman Gerrit Jan Duiven. Der waard poule keatst yn in A en B klasse.

Yn de B klasse wiene twa poules mei trije partoeren. De partoeren wiene oan elkoar weage. It soe gjin gerânsje jaan as men de earste partij yn de bûse hie, want yn de twadde partij koe it hiel oars rinne, dat oerkamen Rika van Dijkhuizen, Maaike Swart en Geartsje Karsten.

De earste partij wûnen hja mei 5-4 en de twadde partij ferlearen hja samar mei 5-1 tsjin Elske van Nes, Jikke van der Gaast en Lamkje Brandsma, dy’t yn harren earste partij mar net oan goed keatsen takamen tsjin Johan Bruinsma, Nynke Groenveld en Wietske Heida en dat ferlearen mei 5-3. Sa kamen dus Johan en syn maten ta harren ferrassing mei ien earst mear yn de finale te stean.

Yn de oare poule wie it ek al like spannend. Arjen Hettinga, Johanna Atsma en Geertje Hannema wûnen mei 5-4 harren earste partij tsjin Eugene Rosenau, Gerrit Boersma en Rixt Couperus en dizzen pakten it partoer Jacob Strikwerda, Leo Bonnema en Taeke Kooistra wer yn mei 5-4. Jacob en syn maten hiene gjin moederaasje mei it partoer fan Arjen. Taeke moedige syn maten oan en hie al berekkene dat hja harren tsjinstanner net mear as 2 earsten gunne moasten, dan soene hja yn de finale komme en dat barde ek hja wûnen it rojaal mei 5-1.

Yn de finale koene de mannen (want dit wie it iennichste mannenpartoer) net goed op gang komme, te folle missers yn’t perk as te lytse keatsen meitsje en dat joech druk op de opslager, dy’t dêr troch ek in pear kear miste op krusjale mominten. Mar Johan, Nynke en Wietske wisten dat hja mei in foarsprong fan 3-1 de partij noch lang net wûn hiene, want Buurman & Buurman mei Jacob kamen dêrnei pas út de start blokken en Taeke brânde de ballen nei it perk en Leo krige foaryn mear krip op de ballen en makke gruttere keatsen en Jacob hie sawol by de opslach as yn’t perk ek gjin misser mear, hja pakten it iene buordsje nei it oare en de tsjinstanners dy wiene murf slein en joechen belies op 5-3 en 6-2.

Yn de A klasse ien poule mei 4 partoer en dan moatte je allegear in kear tsjin elkoar keatse. Rejan Okkema is it hiele jier goed ynfoarm en dêrom mocht hja meidwaan yn de A klasse en liet sjen dat dit terjochte wie, hja sloech poerbêst op en mei har maten Robert Cuperus foaryn en Jan Flapper efteryn diene se goede saken en wûnen al harren partijen mei ferve.

Tessa Booms ek dit jier bêst keatsend en dêrom mocht hja ek yn de A klasse keatse, mei Ate Groenveld en Thys Strikwerda wûnen wol harren earste partij mar ferlearen de twa oaren mei 5-1 en 5-3.

It partoer fan Leo Bekema, Jouke Haijtema en Doede Rients ferlearen harren earste partij tsjin de lettere winners mei 5-2 mar harren twadde partij wûnen hja mei 5-1 en yn harren tredde partij stiene hja samar mei 5-0 en 6-0 foar tsjin it partoer Jan de Boer, Hielke van der Gaast en Ids de Boer dy’t harren earste beide partijen ferlern hiene en dus gjin oanspraak meitsje koene op it twadde plakje.

It sinde de hearen skynber net dat hja ek de lêste partij stridend tenûnder gean moasten en hellen alles noch út de kast en dêr skrokken de tsjinstanners sa fan, dat hja de winst mar net pakke koene, jo wolle it net leauwe, mar it waard sels 5-5 en 6-6 op de tillegraaf. Troch Ids waard in net al te grutte keatst slein en je soene sizze dy slane Leo en Doede Rients wol foarby en winne dan dochs noch nipt de partij. Nee, Doede Rients sloech him wol foarby mar rojaal kwea. Sa dochs noch in winst partij foar it partoer fan Jan de Boer, mar krekt gjin twadde priis.

Foar de winners manden mei súvel en fleisprodukten, dy’t yn de karre foar buurman en buurman nei hûs ta brocht waarden. De beide nestors hiene noch nea tegearre in krânse wûn en dat moast wol efkes fiert wurde