BeBo Familypartij yn Hartwert

HARTWERT ôfrûne snein waard dochs noch de familypartij ferkeatst. Dizze partij soe holden wurden op 17 maaie mar dat mocht doe net troch de coronakrisis en omt de keetpartij yn Burchwert net troch gean koe, kaam dizze datum frij. Undanks dat de keet jongerein fan Burchwert/Hartwert in keatspartij foar de dames haadklassers organisearden en in protte keatsers/sters op fekânsje wiene, kamen der dochs noch 9 partoeren op de BeBo familypartij keatsen yn Hartwert. Dizze partij wurdt al wer in tal jierren sponsere troch de fam. Bekema en fam. Bonnema út Hartwert. Under tropyske temperaturen waard der flot trochkeatst ûnderlieding fan wedstriidlieder Auke Bloemhof.

Yn de 1e omloop gjin spektakulaire partijen. De twa Bekema partoeren wûnen rom harren partijen en sa ek de Strikwerda’s en de fam. Bouwhuis. De winners fan ferline jier fam. Bonnema hiene in steand nûmer en moasten yn de 2e omloop folop oan de bak tsjin de fam. Bekema mei nestor Sjaak keatsend mei soan Johan en skoansoan Leo. Dit waard in triller want hja joegen elkoar neat ta. Nestor Leo Bonnema, keatsend mei syn soannen Meindert en Ype Bote, bekoegele it perk mei hege driuwers en dy wiene net altiten maklik út te slaan foar de tsjin partij. Sjaak pripperde ek mar raak. Doe’t it haperde by de Bonnema’s yn’t lêste earst, skuorden de Bekema’s de winst mei 5-5 en 6-2 nei harren ta. It oare Bekema partoer mei Leon, neef Kees en heit Johan hiene yn de 2e omloop beslist gjin makkje oan de fel stridende fam. Strikwerda besteande út de broers Jan Gerben en Reimer mei freondin Hendrika v/d Heide. Op 5-4 en 6-6 wie de partij pas beslikke en kamen de Bekema’s yn de finale te stean. De fam. Bouwhuis mei Hendrik en freondin Kim Mollinga en sus Feikje hiene yn de 2e omloop in steand nûmer en yn de 3e omloop moasten hja om in finale plakje keatse tsjin it partoer fan Sjaak Bekema. Dizze lêsten hiene net folle yn te bringen tsjin it partoer Bouwhuis it waard 5-1 en 6-4.

Tuskentroch wie der efkes tiid om út te rêsten en in skaad plakje op te sykjen foar sawol de keatsers en taskôgers. It wie in moaie finale partij mei om bar in buordsje oan de tillegraaf. Nestor Johan Bekema dage de tsjinpartij út mei praatsjes en bestookte se mei platte pleatste ballen. As Kim se miste, mar dat die hja net faak, wist Hendrik der noch wol in bêste keats fan te slaan. Feikje en Hendrik harren opslachballen wiene net maklik te ferwurkjen. Moai wie om te sjen hoe’t jongeling Kees Bekema foaryn bêst stie út te slaan en yn’t tuskenspul der goed by wie. Undanks harren goede ynset wisten de Bekema’s it net te winnen en moasten de holle boege op 5-4 en 6-2. In dik fertsjinne 1e priis foar de fam. Bouwhuis.

Yn de ferliezersronde striden de fam Okkema mei Rejan Okkema, Tjerk Okkema en Tine Bouma tsjin de fam. Bruinsma mei Johan Bruinsma, Sander Bruinsma en Tjitte Verbeek om de 1e priis. Spitich dat healwei de partij Sander útfoel mei in polsblesuere, hy kaam ûngelokkich del op syn pols. Sa moasten Johan en Tjitte tegearre fierder. Mar Johan plukte, mei permissje fan de tsjinpartij, syn suster Ineke fan de bank om harren te steunen as balkkearster. Hja krige goede ynstrukjes en die goed har bêst. De Bruinsma’s koene gjin potten brekke sûnder harren kopman Sander en Rejan krige fleugels hja sloech sawol goed op as bêst út, steund troch nestor Tjerk degelik foaryn en Tine foarbêst op en goed wis. It waard 5-2 en 6-2. Nei in wer slagge keatserij dielden de sponsers biologyske-streekprodukten fan fûgelfrij Hichtum út oan de priiswinners.