B. Sandstra/R. Boschma partij yn Hartwert

HARTWERD Op snein 2 augustus waard de twadde ledenpartij ferkeatst op it moaie strakke griene fjild fan K.F. Spui yn ‘e Want foar leden en net leden. Der wie genôch dielname dat der koe keatst wurde yn in aparte manljus en frouljus klasse. Sponsoren fan dizze partij wiene Bauke Sandstra mesthandel en transport en Reinder Boschma Las & Konstructiewerken.

By de dames koe poule keatst wurde mei twa poules fan trije partoeren. Hja hiene it gesellich, in moaie mix fan jong en âld, der waard fanatyk keatst, der moasten earsten oan de tillegraaf komme om in plakje yn de finale te fertsjinjen. Yn poule 1 hiene Wietske Metzlar, Nynke Groenveld en Margriet Gilliam harren beide partijen wûn en kamen yn de finale te stean. Yn poule 2 wie it noch spannend oan it ein ta, mar Tessa Booms, Annie Duiven en Wietske Heida wisten nei in efterstân dochs harren 2e partij ek om te bûgen yn winst.

De taskôgers, lokkich kamen der hieltiten mear te sjen omt de finale by de mannen ôrrûn wiene, krigen in pracht striid te sjen, want it gong gelyk op. Wietske H. foar bêst op hie hast gjin misser en yn it tuskenspul stie hja altiten te plak en makke de keatsen in stik lytser ta frustraasje fan de tsjinstanners. Nestor Annie foaryn hie yn de finale muoite mei it ferwurkjen fan de opslachballen fan de tsjinstanners. Tessa altiten gedreven en goed keatsend sawol út as op die der alles oan om de winst nei harren ta te lûken. Wietske M. koe de tsjinstanners betiden ferrasse mei in núvere bal en hja hold wol keats efterút wei. Foarynse Nynke hie it net like maklik foaryn mar sloech op goede mominten prachtige keatsen. Margriet foar bêstop slagge it goed om de tsjinpartij rare baltsjes yn de hoekjes te jaan en alle trije wiene hja tûk yn it tuskenspul. Op 5-4 en 6-6 koe Margriet de partij beslisse mar de bal kaam meters foar. Lokkich herstelde hja har, want gjin misser mear yn it lêste earst. Har maten makken in pear moaie keatsen en dizze koene hja mei ferve ferdidigje. Op 5-5 en 6-4 beslisten hja de partij en wiene hiel bliid mei de swier befochten oerwinning.

By de heren stiene der 8 partoeren op de list en ek hjir in mix fan jong en âld. Der waard fûl mar sportyf striden om de krânsen. Nei de 1e omloop koene der 4 partoeren om in finale plakje stride. Ids de Boer, Tjalke Altenburg en Jan de Boer wiene net goed genôch tsjin it moai slútend partoer fan Leon Bekema, Reimer Strikwerda en nestor Johan C. Bekema. It partoer Johan Bekema, Reinder Boschma en nestor Taeke Kooistra makken te folle fouten op krusjale mominten en ferlearen it dêr troch tsjin Taeke Posthumus, Ate Groenveld en Edsjer Terluin. De finale like hiel gauw út te wêzen want yn hiel koarte tiid kamen Taeke en syn maten mei skjinne 5 earsten efter te stean tsjin Leon en syn maten, dy’t folle sterker wiene. Sa woene hja der skynber net ôfkeatst wurde en striden noch foar eltse punt en dy kamen der ta 4 earsten. Uteinliks moasten hja dan dochs belies jaan want Leon en syn maten woene de partij fansels net út hannen jaan.

De krânsen foar heit en soan Johan en Leon Bekema mei Reimer.

Yn de ferliezersronde keatsten Julian Faber, Djordi Gucci en Kees Sandstra tsjin Wytse Hofstee, Jacob Strikwerda en nestor Tjerk Okkema. De earst neamden wiene sterker en wûnen it mei 5-2 en 6-6.