Earste ledenpartij K.F. Spui yn ‘e Want

HARTWERT Troch de coronokrisis mochten der foarearst gjin ledenpartijen hâlden wurde. Lokkich mocht dit wol wer fan hegerhân per 1 july. Mar wol ûnder betinkst dat der in protocol klear leit wêr’t elts him oan hâlde moat. Doe’t K.F. Spui yn ‘e Want Hartwert alles goed foarelkoar hiene doarst men it op snein 19 july oan om de earste ledenpartij fan dit seizoen te organisearen. Dit waard de R&B partij mei as sponsoren Rosenau-Stuc en Bloemhof -Skilder. In goed begjin mei 10 partoeren op de list.

Geandewei de middei kamen der mear minsken om it fjild sitten om te sjen wa’t op dizze earste partij mei de krânzen thús komme soene.

Yn de 1e omloop wie der fansels noch neat fan te sizzen. Ien partoer en dat wiene Jouke Haijtema, Ids Boersma en Maaike Swart waard der skjin ôffeegd en soene harren goed ferbetterje moatte om noch in priiske yn de ferliezers ronde te pakken en ek dat waard him net, mar pakten no wol 3 earsten.

It partoer mei Ids de Boer, Nynke Groenveld en Geartsje Karsten stie best te keatsen. Hja wûnen harren earste twa partijen en yn de heale finale moasten hja it opnimme tsjin Rika Dijkhuizen mei de nestors Johan C. Bekema en Taeke Kooistra. Dizze lêsten hiene in steand nûmer hân en wiene goed útrêsten want hja lutsen oan it langste ein en wûnen de partij mei 5-4 en 6-0 en kamen dus yn de finale te stean.

It partoer Jan Bouma jr, Leo Bekema en Johan Bruinsma joechen nei twa winst partijen in goede yndruk efter. Nei in steand nûmer kamen hja dus ek yn de finale te stean. Jan stie efteryn en sloech foar minst op en it like wol as hat hy nea fuort west, sa goed stie hy dizze dei te keatsen. It partoer wie yn de finale dan ek net te bekeatsen foar Rika, Johan en Taeke. Hja ferlearen de partij mei 5-1 en 6-2.

Yn de ferliezersronde kaam it partoer Wytse Hofstee mei Sjaak Bekema en Janny Bruinsma tsjinoer Rejan Okkema mei Auke Boschma en Elske van Nes yn de finale te stean. Omdat Wytze de ballen der net goed foar hâlde koe hie hy de foarminst opslach oan nestor Sjaak oerlitten en dat pakte goed út. Want wat hiene Auke en Rejan in moeite mei de opslachballen fan sawol dy fan Janny en Sjaak, de keatsen wiene faaks net grut genôch. Hja ferlearen de partij mei 5-2 en 6-2.