Jelle Wiersma prolongearret damkampioenskip

SKEARNEGOUTUM - Sneon die yn Skearnegoutum bliken dat Jelle Wiersma dochs wier de sterkste spiler is yn it damjen Frysk spul. Dat is ek al wer foar de fjirde kear sa, mar dit jier wie it wol in swiere befalling.

Fuort yn ‘e earste omloop wied de dammer fan de Stadige Strikers al tsjin in ferlies oprûn. Dêrnei rekke de Wommelser wol wer by syn sûp en stút, mar by it yngean fan ‘e finale hied er noch altyd in heal punt efterstân op Taeke Kooistra.

De moarns yn ‘e sechsde omloop moast de bûter dan mar fuortendaliks jild jilde. Wiersma gong yn ‘e oanfal oer syn rjochter kant, mar Kooistra ferdigene him taai. Troch in finesse krige Wiersma al wat mear druk, mar it wie de Hartwerter dy’t dochs as earste op daam kaam. Hy koe lykwols net tefoaren komme dat Wiersma syn twa oerbleaune houtsjes ek ta daam kroanje koe, en dat wie genôch foar de oerwinning.

It wie no dus Wiersma dy’t yn ‘e ranglist in heal punt foarsprong naam hie. Mar de middeis hied er yn Marten Walinga noch al in taaie tsjinstanner. Dy hie de moarns Henk Haanstra (Aldegea-SWF) ferslein, en as er ek Wiersma ferslaan koe, dan koed er noch gelyk komme. Lang gong de striid lykop, oant Walinga om ‘e 40ste set hinne in ôfwikkeling naam dy’t Wiersma net oankommen sjoen hie. De man wie der dúdlik even ôf. Dochs foel de skea ta. Walinga hie in lyts tempofoardiel, mar dat hie al in hout koste.

Wat folge benaam jin benei de siken. Beide spilers hiene oan har rjochterkant alle frijheid, en de measte taskôigers tochten dat it wol op in kampspul útdraaie soe. Yn dat gefal soe Wiersma op likense hichte einigje as Kooistra, dy’t ûnderwilens mei in moaie slach Henk Haanstra te fiter naam hie.

It betearde lykwols oars. Walinga helle as earste in daam, mar Wiersma folge syn foarbyld net. Ynstee sette er in fangstelling op, dat Walinga rekke syn kroanjuwiel ek al fuort wer kwyt. Beide spilers hiene no elkmis noch ien hout oer, mar Wiersma sines stie krekt wat foarliker. Hy kaam dus ek krekt wat earder op daam, en koe sa opkeare dat Walinga ek safier kaam. Dêrmei wie de partij, en it kampioenskip, op ‘e set ôf wûn.

It kampioenskip hie ek ferliezers. Nei ien jier op it heechste nivo degradearren Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum) fuortendaliks wer werom nei de twadde acht. Hja wurde opfolge troch de Ljouwerter Hein de Vries, dy’t dy twadde klasse mei oermacht wûn, en de Aldegeaster Siebe Walinga, dy’t Folkert Groenveld (Jutryp) inkeld op wjerstânspunten foarbliuwe koe. Opfallend wie hjir ek it damjen fan ‘e 89-jierrige Sjoerd Couperus. Ferline jier wied er noch promovearre, en no hanthave er him mei in fjirde plak muoiteleas.

Utslaggen en einstannen Kampioensklasse: Sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Tjerk Wijbenga (Arum) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0, Willem Schaap (Dearsum) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1. Sande omloop: Wiersma - Walinga 1-0, Haanstra - Kooistra 0-1, Hoogterp - Wijbenga 1-0, Tijssen - Schaap 0-1.

Enstân: 1.Wiersma 6; 2. Kooistra 5,5; 3. Walinga 4; 4. Wijbenga 3 (10); 5. Hoogterp 3 (7); 6. Haanstra 2,5; 7. Tijssen 2 (6,5); 8. Schaap 2 (6).

Twadde acht: Sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) - Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Folkert Groenveld (Jutryp) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5. Sande omloop: De Vries - Walinga 1-0, Hoekstra - Dijkstra 0,5-0,5, Bakker - Groenveld 0-1, Couperus - Kooistra 1-0.

Einstân: 1. De Vries 6; 2. Walinga 4,5 (11,75); 3. Groenveld 4,5 (11,25); 4. Couperus 4; 5. Dijkstra 3; 6. Hoekstra 2,5; 7. Bakker 2; 8. Kooistra 1,5.

Tredde acht: Sechsde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) - Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Ype Boelens (Menaam) - Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Marcel Altena (Blauhús) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0. Sande omloop: Westra - Wiersma 1-0, Van der Meer - Dyk 1-0, Sikma - Boelens 0-1, Kroon - Altena 1-0.

Einstân: 1. Van der Meer 5,5 (17,5); 2. Westra 5,5 (16,75); 3. Kroon 4 (11); 4. Wiersma 4 (10); 5. Boelens 3,5; 6. Altena 3; 7. Dyk 2; 8. Sikma 0,5.