Strikers Frysk klupkampioen

EASTEREIN - Sensaasje en gjin ein, juster by it klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul yn seal Bergsma yn Easterein. De damklup út Hartwert, de lêste trije jier kampioen, wie no ek wer de favoryt. Mar it betearde gâns oars. Net Hartwert, mar Skearnegoutum rûn mei de heechste eare fuort, oars ek mar krekt, want it skilde mar ien buordpunt mei Aldegea (SWF). It drama waard foar Hartwert ek noch folle grutter. De klup degradearre sels út de kampioensklasse, foar it earst sûnt 1986.

Nei de earste fan ‘e trije omlopen like it dêr oars noch net op. Hartwert wûn fan Skearnegoutum, ek al wie it mei it lytst mooglike ferskil. En Aldegea fersloech outsider Lollum mei grutte sifers. Nei de snert stie alles lykwols wer op ‘e kop. Aldegea ferlear no mei 6-2 fan Skearnegoutum. Hartwert moast it opnimme tsjin Lollum, dat in stikmennich bûtenleden ynset hie, lykas de sterke Hollânske dammer Hans Jansen. Se hiene sels in Belch yn ‘e ploech. De Hartwerters wiene sa’t it liket sa ymponearre fan al dy frjemde gesichten dat se mei mar leafst 6-2 it skip yn gongen.

Troch dy resultaten stiene alle fjouwer ploegen no yn wedstriidpunten gelyk. Yn ‘e tredde en lêste omloop moast de bûter dus jild jilde. Hartwert moast tsjin ‘e âlde rivaal Aldegea. Mar de Hartwerter ploech wie dizze sneon himsels net. Op ‘en nij ferlearen se mei 6-2. Skearnegoutum fersloech ûnderwilens Lollum, en kaam sa yn wedstriidpunten gelyk mei de Aldegeasters. Omdat Skearnegoutum 15 buordpunten byinoar garre hiene, en Aldegea 14, wiene it “De Stadige Strikers” dy’t de kampioenstsjelke nei Skearnegoutum bringe mochten.

Buordpunten beslisten ek oer de degradaasje. Lollum hie 10,5, mar Hartwert kaam net fierder as 8,5. Dat betsjutte net allinnich dat it de titel kwyt wie, mar, miskien noch folle slimmer, dat it ek nochris út de heechste klasse truzele. Mar ien kear earder moast Hartwert dy fernedering ûndergean, en dat is ek al wer 34 jier lyn. Al steane dêr fansels sûnt 1954 ek mar leafst 33 kampioenskippen foaroer.

Hartwert syn plak wurdt takom’ jier ynnaam troch Blauhús, dat mei trije oerwinnings glorieus de twadde klasse op syn namme skreau. De oare trije ploegen kamen net fierder as ien wedstriidpunt, sadat hjir ek wer de buordpunten beslisten oer degradaasje. Jorwert waard it slachtoffer, it mei takom’ jier besykje om werom te kommen út de tredde klasse wei. Dy klasse waard no wûn troch it twadde tiim fan Aldegea.

Utslaggen en einstannen:

Kampioensklasse: Hartwert - Skearnegoutum 4,5-3,5, Aldegea - Lollum 6-2; Lollum - Hartwert 6-2, Skearnegoutum - Aldegea 6-2; Aldegea - Hartwert 6-2, Skearnegoutum - Lollum 5,5-2,5.

Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): 1. Skearnegoutum 2 (15); 2. Aldegea 2 (14); 3. Lollum 1 (10,5); 4. Hartwert 1 (8,5).

Twadde klasse: Blauhús - Hartwert II 6-2, Jorwert - De Gastmar 4,5-3,5; De Gastmar - Blauhús 3-5, Hartwert II - Jorwert 6-2; Jorwert - Blauhús 1-7, Hartwert II - De Gastmar 3-5.

Einstân: 1. Blauhús 3 (18); 2. De Gastmar 1 (11,5); 3. Hartwert II 1 (11); 4. Jorwert 1 (7,5).

Tredde klasse: Skearnegoutum II - Lollum II 8-0, Aldegea II - De Gastmar II 4,5-3,5; De Gastmar II - Skearnegoutum II 5-3, Lollum II - Aldegea II 1-7; Aldegea II - Skearnegoutum II 4-4, Lollum II - De Gastmar II 0,5-7,5.

Einstân: 1. Aldegea II 2,5 (15,5); 2. De Gastmar II 2 (16); 3. Skearnegoutum II 1,5 (15); Lollum II 0 (1,5).