Boargers binne net dom

Over ingezonden stukken kan niet worden gecorrespondeerd. Zij kunnen ook niet worden teruggezonden. Anonieme inzendingen worden niet in behandeling genomen. De redactie behoudt zich te allen tijde het recht voor de stukken in te korten en houdt zich niet verantwoordelijk voor de inhoud

De reboelje yn de gemeente Sûdwest Fryslân komt eindelik nei bûten, ûnderling wol it mar net bûtterje. Wie it earder faak “hommelis” tusken Offinga en Stoker, no wie it fan Gent dy’t foarsichtich wat “feitsjes” nei bûten bringt: “op de foto liket it hielwat”, mar it is neat, jout sy oan. Sels woe sy, mei de oankeap fan in moaie hûsfesting yn Snits, in gearwurking yn de jeugdsoarch opsette en sa hjar “eigenbelang en takomst” foarút helpe! Dat is net foar neat in sektor wer ‘t in soart jild yn omgiet……..! Wa is hjir no dom?

Dit is net sa muoilik út te lizzen: Dizze allegeare “goed bedoelende minsken” wiene lang net klear foar dizze megalomane fuzje fan grut Snits! De faaks “lytsstêdse- en doarpse” eftergrûn hald harren noch dwaande? It slagget mar net om oan de neie ynfulling: “de Ried is baas” echt ynhald te jaan, it nuchtere besef “wat moatte en wolle wy wie mei dizze grutte gemeente”der komme hjar net echt út. Der njonken is de ôfstân tusken kiezers en keazen politisy fiersten te grut, sy kinne dit yn’e eigen omjouwing net iens mear útlizze! Sjoch en belibje hoe‘t Sûdwest Fryslân - mei 89 tûzen ynwenners yn 89 ferskillende wenplakken - bestjoerlik oan it ompielen is. Hjir is in tekoart fan €10 miljoen en it kollege wol dat die yn saneamde “skommelfûnzen” fuotmoffele. Mei wat “plomkes” oan de ferskate fraksjes miende Offinga dit ek noch klear te krijen. It lost fansels neat op, in tekoart wurdt dermei allinnich mar ferdoezele. Sis gewoan dat it út de, troch de eardere gemeenten opboude reserve ‘s komme moat, dan snapt eltsenien dat. Troch it meitsjen fan allerhande “potsjes” kin it kollege noch mear harren gong gean…… en dat wie fansels krekt de bedoeling! De gewoane boarger fernimt echt wol dat it kolleezje fan B&W en de gemeenteried ‘ûnmachtich’ reagearret! En oars lit de parse harren dat wite. Wa is hjir no dom?

It oansprekken fan de reserve ’s fan de eardere gemeenten (fan foar de fúzje) soe no de oplossing bringe kinne! Wat bestjoerders net sjogge en nea tajaan wolle is: dat dit tekoart fan € 10 mln. it rjochtstreekse gefolch is fan de eardere skaalfergrutting. De skaalfergrutting as gefolch fan de fúzje is kompleet út de hân rûn! It wurk fan/troch 640 amtners en in enoarm oantal ynhierde adviesburo’s - sa docht bliken - is net (mear) te behappen en net troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W) te bestjoeren. Wa is hjir no dom?

Boppedat is de gemeente – en dat is it meast erge - it kontakt mei de boargers kwyt , wylst men de mûle fol hat fan ‘mienskip’. Yn gemeente Rotterdam hat dit kwytreitsjen fan it kontakt mei de boargers ta grutte problemen laadt. Mar, as oanpak binne yn Rotterdam ‘dielrieden’ kaam om de te grutte skaal ferhâldingen lytser te meitsjen, om it kontakt mei de befolking te ferbetterjen! It kin dus wol!! Wat is der op tsjin om ek yn gemeente Súdwest Fryslân soksoarte dielrieden yn it libben te roppen? Dit kin yn Snits, Boalsert en Koudum. De gemeentehuzen steane der noch en kinne hjir goed foar brûkt wurde! De Boargers binne echt net dom!

Koudum, Doeke Kuipers