Aktiviteiten oer Gysbert Japicx

BOALSERT - Yn de oanrin nei de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis ta, sil der yn de biblioteek fan Boalsert omtinken jûn wurde oan Gysbert Japicx en de Fryske taal.

Der is oandacht foar Fryske literatuer en fan 10 novimber ôf is der in lytse foto-eksposysje oer Gysbert Japicx. Op woansdei 13 novimber is der teäter foar bern fan 5 oant en mei 8 jier, ‘Master Gysbert, praat mar Frysk!’, troch Tjerk Kooistra en de bekende akteurs út de Musical Master Gysbert. De teäterfoarstelling begjint om 15.00 oere en duorret 3 kertier, de tagong is fergees.

Op 16 novimber, de dei fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis, is der tusken 12.00 oere en 15.00 oere in Fryske boekferkeap yn de Martinitsjerke troch de Afûk.

Op sneontemoarn 16 novimber is der tusken 10.00 oere en 12.00 oere in prachtich muzikaal en literêr programma yn de tsjerke fan Burchwert. Eeuwe Zijlstra sil it oargel ‘sjonge’ litte en Hindrik van der Meer fersoarget mei ûnder oare solisten in tige nijsgjirrich programma.

It oargel yn de tsjerke fan Burchwert is skonken troch de famylje Grons-Buwalda, dy’t in streekrjochte famyljebân mei Gysbert Japicx hat. Freonen fan Gysbert hawwe fergees tagong, opjaan is winsklik. Losse tagongskaarten foar it programma yn Burchwert binne te keap yn it Gysbert Japicxhûs.

In folder fan de Gysbert Japicx-kuiertocht troch de stêd en de fytstocht Wytmarsum - Burchwert – Boalsert, mei histoarje oer Gysbert Japicx en State Grons, binne fergees te krijen yn it Gysbert Japicxhûs. De tagong fan it Gysbert Japicxmuseum yn Boalsert is fan 10 oant en mei 16 novimber fergees.

Alle ynformaasje oer de aktiviteiten om Gysbert Japicx hinne, binne werom te lêzen op www.gysbert.frl.