Gysbert Japicxwike en Freonedei

BOALSERT Sa’t elkenien miskien heard hat, sil op 16 novimber de literêre Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Aggie van der Meer is de priiswinner en it sil in feestlike dei yn Boalsert wêze. Neist de ‘Grutte’ Gysbert Japicxpriis sil ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Dit is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 út it basisûnderwiis.

Om de hiele wike, yn de oanrin nei de útrikking ta, wat feestliker te meitsjen, is der yn de biblioteek fan Boalsert in eksposysje oer Gysbert Japicx. Der is teäter foar de groepen 1 oant en mei 4 en der sil oandacht wêze foar Fryske literatuer en Gysbert Japicx. Op de dei fan de útrikking is de Afûk fan 12.00 oere ôf yn de Martinitsjerke oanwêzich foar de ferkeap fan Fryske boeken.

Om al it wurk en de Fryske projekten fan de Stichting Gysbert Japicx Holckema geande te hâlden, is der in Freoneprojekt opsetten. Freonen fan Gysbert stypje it wurk en de projekten fan de Stichting. Alle dagen wurdt der mei in groep entûsjaste minsken wurke om de gedachtenis fan de grutte dichter Gysbert Japicx en de Fryske taal libben te hâlden. Freonen fan Gysbert hawwe fergees tagong yn it museum en krije koarting yn de winkel fan it Gysbert Japicxhûs. Ek wurdt der in jierlikse aktiviteit, spesjaal foar Freonen, organisearre.

Dit jier is der op sneontemoarn 16 novimber in prachtich muzikaal en literêr programma yn de tsjerke fan Burchwert. Eeuwe Zijlstra sil it oargel ‘sjonge’ litte en Hindrik van der Meer fersoarget in nijsgjirrich programma. It oargel yn de tsjerke fan Burchwert is skonken troch de famylje Grons- Buwalda, dy’t in streekrjochte famyljebân mei Gysbert Japicx hat.

Om dizze moarn meimeitsje te kinnen, om it wurk fan ‘Gysbert Japicx’ te stypjen en om nei ôfrin op 16 novimber ek nochris genietsje te kinnen fan in Fryske lunsj yn it Gysbert Japicxhûs, is in oanmelding nedich op it emailadres: kontakt@gysbert.frl ,

,,Wy hoopje op in soad minsken en in noflik programma yn de tsjerke fan Burchwert. Wês wis fan in plakje en meld jo no oan”, sa lit de stifting witte.