K.F Spui yn’e Want fiert 40 jierrich bestean mei as ôfslúter it pearkekeatsen

HARTWERT - Moarns om 9.30 stie der kofje en gebak klear foar de leden en keatsers en krige elts in blau-wite pet oanbean. De keatsferiening bestiet 40 jier en dat moast lyts fiert wurde.

De âld-foarsitter Auke Bloemhof fertelde oer it ûnstean en de earste tweintich jier fan de feriening en âld-foarsitter Meindert Bonnema hie it oer de lêste 20 jier mei de moaie suksessen op de Freule en de jong Nederlân partij en dat Hartwert ek elts jier noch op de Bûnspartij meidocht en by it Jeu de Peloten. De nije duo foarsitters Hendrik Galema en Sjoerd Teake Kooistra hawwe it stokje oernommen en hiene mei de oare bestjoersleden it wer dik foar elkoar. Wer in pracht list mei 41 pearkes.

Alle jierren is it wer nijsgierrich hokker pearke as der op de list stiet. No binne der net safolle ‘echte pearkes’ by, misskyn net sa goed foar de relaasje, of it is gewoan gesellich mei in oar te keatsen en guon stelle om mear kâns te krijen op in priis. Auke Bloemhof wie oanstelt as wedstriidlieder en hie de gong der goed yn.

Yn Hartwert keatst men net yn ferskate klassen, alles trochinoar en sa sjocht men yn de 1e omloop faaks hylaryske partijen. De bêste pearkes komme wol boppe driuwen.

Yn de 2e omloop noch net echt spannende partijen. Yn de 3e omloop kinne inkele pearkes it nifo net mear oan. Jennifer Haga mei Pieter Feenstra ferlieze skjin fan Sietske Okkema en Sjoerd Teake Kooistra. Sa ferlieze ek Wietske Metzlar en Reinder Hendriks ek skjin fan Jeanne Galema en Meindert Bonnema. Tryntsje Bouma en Sybren Poelsma dogge goede saken en ferslane mei 5-3 Regina Sandstra en Ids de Boer. Michelle Verbeek en Sander Bruinsma winne mei 5-3 fan Ingrid de Boer en Wytse Hofstee. Noa Elzinga en Julian Faber geane ek nei de folgende omloop hja winne mei 5-2 fan Nynke Groenveld en Ate Groenveld.

Yn de 4e omloop wurdt it al spannender Rika van Dijkhuizen ( twa kear winner west fan dizze partij) keatst no mei Peter van Dalfsen (dy ferskate kearen twadde west hat) hja begjinne goed mar binne net opwoeksen tsjin Sietske en Sjoerd Teake. Tryntsje Bouma keatst dit jier mei Sybren Poelsma ( 3 kear winner west) hja starte net goed tsjin Michelle en Sander, mar komme aardich werom en spitich dat op 5-3 en 6-6 gelyk Tryntsje de bal bûten slacht. Jeanne Galema no mei Meindert Bonnema keatsend ( 2 kear winner west) ferlerne it mei 5-1 fan Noa en Julian. Sa moatte Sjoerd Teake dy’t dizze partij noch net op syn palmeres stean hat en dêrom dit jier mei Sietske Okkema stelt hat (foarich jier wûn mei Sybren Poelsma) yn de heale finale keatse tsjin Michelle (hja is ek al in kear winner west) en har broer Sander. Hja keatse as lieuwen mar ferlieze de striid mei 5-3.

It soe in finale wurde om te smullen want soene Sjoerd Teake en Sietske it partoer mei de goed keatsende Julian Faber en it jonge famke Noa Elzinga fan 14 jier wol fan de winst ôfhâlde kinne? Eltse kear steane hja in pear earsten foar mar Julian en Noa lûke hieltiten werby. Der wurdt om eltse punt striden en alle kompliminten oan de finalisten wat litte hja moai en sportyf keatsen sjen. Prachtich om it talint Noa keatsen te sjen op it fjild yn Hartwert. Sietske en Sjoerd Teake harren opslach missers waarden ôfstraft mar se bliuwden kalm en gedreven keatsen en pakten op wichtige mominten wer de punten en op de stân fan 5-5 en 6-4 sloech Sietske de keats foarby mei in boppeslach.

Yn de ferliezersronde ek al sa’n moaie partij yn de heale finale tusken de partoeren Maaike Swart en Hendrik Galema tsjin Johan Bekema en Elske Rypma. Op de stân fan 5-3 en 6-6 sloech Elske de keats foarby.

Ferrassend wie wol dat Tessa Booms en Wiebe de Boer yn de finale stienen. Yn harren partij dêr foar stiene hja mei 5-1 efter tsjin Elske Galema en Fokke Jan Kooistra, dizze lêsten koene it mar net út krije en Tessa jowt noait op en Wiebe de Boer sloech op iens ek bêste keatsen. Mei alles oan de hang koe Elske de keats net foarby slaan. Yn de finale holden Tessa en Wiebe harren nifo fêst en dat koene Johan en Elske sa goed net mear. Dochs lieten hja by flagen best keatsen sjen. It waard 5-4 en 6-4.

Meindert Bonnema en Jeske Bakker hawwe de priiswinners lekkere produkten fan de echte bakker oerhandige. Foar “het schoonste geheel” wie der in priiske foar Suus Hettinga en Ruurd Bakker en Teake en Sijke Kooistra krigen in priiske foar it “âldste en echtpearke” fan alle dielnimmers.

Sa sit it keatsseizoen 2019 der werop yn Hartwert.