COLUMN | Simmer yn Fryslân

It is wer Simmer yn Fryslân. Tiid foar tradysjes, de iepenloftspullen, fytstochten, eksamen- tún- en doarpsfeesten, swimfestijn en fakânsje.

Minsken sjouwe mei terrasstuollen en parasols, helje de karavan út de stalling, keapje hingkoeren mei fleurige blommen, blaze it swimbad op en lizze de koarte broek klear. By my thús is juster de haachskjirre út it fet helle, want ea hat ien tsjin my sein dat jo net foar de langste dei haachknippe meie.

Astronomysk sjoen begjint de simmer no freed 21 juny offisjeel. We hawwe dan tagelyk dy langste dei, of koartste nacht, sjoch mar wat jo it beste útkomt. Se neame it ek wol Sinne Wende en wurdt yn in protte lannen oerdiedich fierd. Der binne freugdefjoeren, der wurdt flink iten en dronken en Shakespeare’s ‘A Midsummer Night’s Dream’ wurdt opfierd. Yn Ingelân fiere se it fan âlds by Stonehenge, yn New York komme alle jierren 5000 minsken yn in grut park byinoar.

Njonken sinsûndergong is ek it ópkommen fan de sinne in prachtich skouspul. Ik tink dan alyd oan de iepening fan in tentoanstelling yn 1999, moarns 7 oere op Sânfurd. Hjir sitearre skriuwster Berber van der Geest (1938-2019) de dichter skilder Gerben Rypma treflik: ‘It moaiste fan de dei is al foarby’.

Sels gean ik no freed nei de smûke Midsimmerjûn by ûndergeande sinne oan de Idzegeaster poel; mei Flaamske en Hollânske dichters, Fryske kollumnist en sigeuner musyk. Miskyn sjogge we mekoar dêr wol, dan toaste we op Simmer yn Fryslân en dat de hage knipt is.

Sicco Rypma.