Spannende finales yn jûnspartij Hartwert

HARTWERT By K.F. Spui yn ‘e Want yn Hartwerd waard op 12 en 13 juny de jûnspartij organiseart ferkeatst.

Meastal wurdt der yn in A en B klasse keatst, mar troch te min dielname fan A maten waard it in DEL partij mei like folle froulju as manlju.

Der stiene njoggen partoeren op de list. It like derop dat de finale yn de winnersronde net spannend wurde soe, mar dat waard it úteinliks wol.

Hendrik Galema, Leo Bekema en Taeke Kooistra keatsten yn harren earste partij tsjin Sjoerd Teake Kooistra, Johan Lentz en Geartsje Karsten. De striid gong gelyk op en it like derop dat der in ‘alles oan de hang’ komme soe. Want it stie 5-5 en 6-4 mei in keats fan in meter te ferdedigjen troch Hendrik en syn maten. Nestor Taeke sei tsjin syn maten: ik besykje it mei in djippe bal efteryn, no hiene de opslaggers it foardiel dat der foar de wyn opslein waard, it slagge him want hy hie soan Sjoerd Teake te pakken, dy hie net ferwachte dat âlde Kooi de bal oer him krije soe.

De oare partijen yn de earste ronde wiene minder spannend. Yn de twadde ronde fersloegen Hendrik en syn maten mei romme sifers it partoer Jan de Boer, Tessa Booms en Margriet Giliam. Sybren Poelsma mei de twa froulju Suus Hettinga en nestor Lamkje Brandsma wûnen ek op de earste jûn harren beide partijen mei romme sifers en bedarren troch in steand yn de finale.

De oare jûns besochten Doede Rients Okkema, Johan Bruinsma en Sijke Kooistra ek in plakje yn de finale te krijen, mar hja hiene gjin skyn fan kâns tsjin Hendrik, Leo en Taeke, hja pakten gjin inkel buordsje.

Sybren, Suus en Lamkje fris en fleurich keatsend kamen samar 4-0 foar te stean tsjin Hindrik, Leo en Taeke, hoe koe dat no samar, hja kamen mar net yn de partij en rûnen efter de feiten oan. Nestor Taeke wis en goed opslaand, miste no op krusjale mominten inkele kearen it perk, Leo foarynse krige mar gjin fat op Lamkje har ballen en Hendrik hie de skerpte ek efkes net.

Hja pepten elkoar goed op en doe krige Taeke wer kontrôle oar syn opslach, Leo krige grip op de ballen fan Lamkje en Hendrik sloech in sery ballen oer de boppe hinne en hie oan de opslach hast gjin missers mear. Hja denteren troch ta de stân fan 5-4 en 6-6. It hie in gelyk spul wurde kinnen by in net al te grutte keats. Taeke joech de bal foaryn op Suus en dy rakke him bêst, mar Leo koe de bal keare. Foar harren dus de krânsen.

Yn de ferliezersfinale stiene Sjoerd Teake, Johan Lentz en Geartsje Karsten tsjinoer it partoer mei Geart Jan Karsten, Rika van Dijkhuizen en Tryntsje Bouma.

It wie wol in spannende partij want hja pakten om beurten in buordsje, oan beide kanten moaie slagen te sjen mar ek flinke missers. Johan Lentz koe de opslachballen fan Tryntsje mar net goed reitsje en dêrtroch wiene de keatsen gauris te lyts. Op de stân fan 5-4 en 6-2 ferlearen hja de partij.

Winners: 1e priis Hendrik Galema, Leo Bekema en Taeke Kooistra

2e priis Sybren Poelsma, Suus hettinga en Lamkje Brandsma

Ferliezers: 1e priis Geart Jan Karsten, Rika van Dijkhuizen en Tryntsje Bouma

2e priis Sjoerd Teake Kooistra, Johan Lentz en Geartsje Karsten